contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 8 december 2010

De 55plussers keatsten der wer op los yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Anne Monsma, Evert Heeg en Hans Hilarides. Henk Postma wie al nei hûs. Ofrûne woansdei 8 desimber wienen der 108 keatsers nei Frjenstjer ta set foar de fiifde wedstryd dit winterskoft yn de Trije. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list. De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.15 oere. Partoer 107 hie foarstien mei 5-3, mar partoer 108 kaam knap werom, mei namme troch goed tuskenspul fan Oeltsje Velstra en dan foaral in kear op 5-3 (6-6). Op it lêst wie it 5-5 (6-6) en der lei in keats fan 6 meter. Germ Hallema, de âld grienteboer fan Jorwert, moast opslaan en sa as gebrûkelik bei in lytse keats woe hy de bal djip efteryn bringe, mar jammergenôch wie dat krekt te djip en gong de bal kwea, sadat partoer 108 wûn. Foppe de Vries rikte om 16.45 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken, op woansdei (22 desimber) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer foar de ôfslutende keatspartij. It begjint dan gewoan om 10.00 oere en nei ôfrin is der stamppot mei woarst foar de keatsers, dy harren der foar opjûn en fansels betelle hawwe. It blomskikken foar de frjoulju giet fanwegen de hege kosten oer. A-klasse : 1e. Evert Heeg, Easterlittens. 2e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. 3e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 4e. Jan Feenstra, Winsum. 5e. Oeds de Roos, Menaam. 6e. Eddy van der Lei, Ljouwert. B-klasse: 1e. Hans Hilarides, Sint Jabik. 2e. Piet Keizer, Sint Anne. 3e. Jan de Ridder, Stynsgea. 4e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 5e. Johan van der Veen, Gytsjerk. C-klasse : 1e. Anne Monsma, Marsum. 2e. Anne de Jong, Middenmeer. D-klasse: 1e. Henk Postma, Marsum. 2e. Heinz Palsma, Seisbierrum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers