contact zoeken wedstrijden

Uitslag van de 55+ wedstrijden op 10 november 2010.

De 55+ hie folle bak yn De Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Durk Kamstra, Siete Wassenaar, Gerard Voogd en Piet Keizer. De Nijsbrief fan oktober wie fia de email en mei de gewoane post ferstjoerd nei de 55plussers, dy der op 27 oktober net wienen yn Frjenstjer en dat hie kennelik fertuten dien. Der wienen ôfrûne woansdei 10 novimber 108 keatsers en dat is aardich wat mear as de foarige twa kearen dit winterskoft, mei 90 keatsers . Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 fan de list. De tredde partij moasten de manlju mei earsten gelyk begjinne om op ‘e tiid út te wêzen. Fanwegen in jierdei moast de ferslachjouwer earder fuort, mar Tjeerd Harkema hat de foto fan de priiswinners efkes makke. Oer twa wiken, op woansdei (24 novimber) geane de 55plussers op ‘e nij nei de Trije yn Frjenstjer. A-klasse. 1e. Siete Wassenaar 21-9. 2e. Jan Feenstra 21-14. 3e. Jurjen Tiesnitch 21-14. B- klasse. 1e. Piet Keizer 21 – 10. 2e. Henk Noordbruis 21 -11. 3e. Tjerk Jorritsma 21 – 12. 4e. Auke Kuiken 21 -12. 5e. Rinze v/d Veen 21 -13. 6e. Tjeerd Harkema 21 -13. 7e. Jan Beimers 21 - 14. C- klasse. 1e. Durk Kamstra 21 -8. 2e. Pieter Bergsma 21- 10. 3e. Anne Monsma 21 – 10. 4e. Anne Baarda 21- 10. D- klasse. 1e. Gerard Voogd 21 – 9. 2e. Roel Kuipers 21 - 10.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers