contact zoeken wedstrijden

PC 2010:In nij keatsboek foar bern en grutte minsken!

Moandei 2 augustus ferskynt in prachtich jeugdboek oer keatsen foar lêzers fan tolve oant hûnderttwa, skreaun troch keatsleafhawwer Ate de Jong! De yllustraasjes yn it boek binne makke troch Geart Gratama.

In originele foto fan de PC fan 1939 (yn besit fan it Keatsmuseum), stiet sintraal yn dit boekje. Op de foto stean nder oaren (fan links nei rjochts op de foarste rij): Jan Jansen (Jan Roek) fan Hrns (mei pet en snor), in bekende man mei de hege hoed, Anne de Vries, winkelman yn Frjentsjer (mei hoed en snorke), foddekeapman Romke Sytsma (Swarte Romke) fan Frjentsjer (mei pet en burd), Willem van Zon fan Seisbjirrum en Sipke van der Wal fan Doanjum. It is in wike foar de grutte keatspartij foar jonges, de spanning nimt ta. In pake wol syn pakesizzer in horloazje skinke, dat er sels mei ’t keatsen wûn hat. As pake it klokje út in doaze hellet fine se ek in histoaryske PC-foto út 1939 Pake fertelt wiidweidich oer de mannen op ’e foto. Wolris wat te wiidweidich, want pake moat net folle fan dûmny’s hawwe, mar at er sels oan ’t preekjen slacht… "Op ’e tribune" giet oer skiednis, solidariteit en sitballen, mar de pakesizzer is fral ynteressearre yn sitballen. Hy fertelt pake oer de heit fan ien fan syn maten dy’t him fierste folle mei ’t keatsen bemoeit en syn soan op ’e senuwen wurket. Pake betinkt in manier om de fanatike heit tydlik bûtenspul te setten.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers