contact zoeken wedstrijden

De 55-plussers sluten it winterskoft of yn de Trije yn Frjentsjer

Ferline woansdei 14 april hawwe de 55plussers fanôf 10.00 oere foar de lêste kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Der wienen 90 keatsers.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Anne van der Werf, Geert Hoekstra, Gerard Voogd en Gerrit Winkel. By de priiswinners fan 24 maart stie net Sjirk Overal mei de krâns, mar Jan de Ridder! Wa wie dat opfallen? By de útslagen stie it wol goed. Ferline woansdei 14 april hawwe de 55plussers fanôf 10.00 oere foar de lêste kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Der wienen 90 keatsers. De partoeren 85 en 86 wienen dien om 15.30 oere. Op de stân 5-5 (6-6) moast Eddy van der Lei fan partoer 86 opslaan en hy brocht de bal efteryn by Siete Wassenaaren en dy sloeg net bêst út (wy binne oars went fan him), sadat Daam van der Leij makkelik de bal werom slaan koe oer de foarline. Dermei hie Eddy van der Lei 3x wûn en net Johan Sikkema fan partoer 85. It winterklassement is wûn troch Johan van der Veen út Oentsjerk. It totale klassement wurdt skielik publiseare. Foppe de Vries rikte om 15.30 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjouwer wike, op 12 maaie, begjinne de 55-plussers it simmerskoft op Sonnenborgh yn Ljouwert. De oare data op Sonnenborgh binne 26 maaie, 9 en 23 juny, 21 july, 18 augustus, 8 en 22 septimber. Derneist noch 7 july It Hearrenfean, 28 july Balk (PC), 12 augustus Jelsum/Koarnjum en 1 septimber Snits. A-klasse: 1e. Geert Hoekstra, De Jouwer. 2e. Piet Stellingwerf, Harns. 3e. Oeds de Roos, Menaam. 4e. Eddy van der Lei, Ljouwert. B-klasse: 1e. Gerrit Winkel, Sint Anne. 2e. Freek Kuipers, Drachten. 3e. Henk Noordbruis, Marsum. 4e. Anne Monsma, Marsum. 5e. Piet Keizer, Sint Anne. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. D-klasse: 1e. Gerard Voogd, Mullum. 2e. Teade de Vries, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers