contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op woensdag 10 maart 2010

Ferline woansdei 10 maart hawwe de 55plussers wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Herman Steneker, Johannes Oudendag, Henk Bootsma en Sybe van der Zee. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 120 op de list. De partoeren 119 (Johan van der Veen en Jan Boorsma) en 120 (Jan Beimers en Klaas van Dijk) wienen dien om 16.37 oere. Op de stân 4-5 (6-6) moast Jan Boorsma opslaan, mei in keats fan 22 meter. Foarynse Jan Beimers sloeg de keats fier foarby. Piet Bosgraaf rikte om 17.00 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (24 maart) geane de 55-plussers wer keatsen yn de Trije. A-klasse: 1e. Herman Steneker, Ljouwert. 2e. Ale Mosselman, Goutum. 3e. Eddy van der Lei, Ljouwert. 4e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. B-klasse: 1e. Johannes Oudendag, Arum. 2e. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 3e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 4e. Piet Keizer, Sint Anne. 5e. Freerk Kuipers, Drachten. C-klasse: 1e. Sybe van der Zee, Lelystad (ferline kear ek earste!), 2e. Piet Bosgraaf, Drachten. 3e. Cathrines Helfrich, Grou. 4e. Albert Dijkstra, Harns. D-klasse: 1e. Henk Bootsma, De Knipe. 2e. Hans Homminga, De Jouwer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers