contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 24 februari 2010

Ferline woansdei 24 febrewaris hawwe de 55plussers wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Sjouke Herrema, Monte Hallema, Siete Wassenaar en Sybe van der Zee. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 102 op de list. De partoeren 101 en 102 wienen dien om 15.50 oere. Op de stân 5-3 (6-4) moast Johannes Algra fan partoer 101 opslaan, mei in keats fan 22 meter. Piet Overberg, de foarynse fan partoer 102 sloeg bêst út, mar earst Johannes Algra en dernei Teade de Vries koenen de bal noch krekt keare en dermei hie Johannes trije kear wûn. De autohânnel fan Herman Steneker hie de prizen beskikber stelt en derom koe Foppe de Vries om 16.15 oere in fles wyn yn in moai kistje en in groue leverwoarst útrikke oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (10 maart) geane de 55-plussers wer keatsen yn de Trije. A-klasse: 1e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 2e. Klaas Postma, It Hearrenfean. 3e. Herman Steneker, Ljouwert. 4e. Piet Stellingwerf, Harns. B-klasse: 1e. Monte Hallema, Frjenstjer. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Auke Althof, Doanjum. 4e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 5e. Oeltsje Velstra, Idaard. C-klasse: 1e. Sybe van der Zee, Lelystad (de man moat al hiel oer de Tsjettelbrêge). D-klasse: 1e. Sjouke Herrema, Hoorn. 2e. Johannes Algra, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers