contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 17 februari 2010

Ferline woansdei 17 febrewaris hawwe de 55plussers wer keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Teade de Vries, Johan van der Veen, Hans Homminga en Piet Stellingwerf. De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.40 oere. Partoer 108 hat foar stien mei 5-2, mar omdat alle seis keatsers € 7,- ynlis betelle hienen en alle romte yn de seal krigen, want de oaren wienen út, woenen se der noch in spannende party fan meitsje en dat slagge. Op de stân 5-5 (6-4) moast Oeds Broersma fan partoer 108 opslaan, mei in keats op 3 meter fan de boppe. Jan Buitenga, de efterynse fan partoer 107, moast de bal net hawwe wist Oeds en derom joech hy de bal oan Minne Soepboer. Dizze man koe de keats net foarby en op 5-5 (6-6) sloeg Minne de bal kwea en dermei hie Oeds trije kear wûn. Topkeatser Evert Heeg kaam ek efkes lâns. Hy hie op 28 novimber 2009 in auto-ûngelok hawn en koe dertroch in skoft net keatse, mar it sit der wer oan te kommen en dan kinne wy wer mei nocht genietsje fan syn fûleindigens. Piet Bosgraaf rikte om 17.05 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike op 24 febrewaris 2010 geane de 55-plussers wer keatsen yn de Trije. A-klasse: 1e. Piet Stellingwerf, Harns. 2e. Jan Veenstra, Apeldoorn. 3e. Henk Vuijk, Burdaard. 4e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 5e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. B-klasse: 1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Jouke Punter, Wommels. 3e. Anne Dijkstra, Ljouwert. 4e. Pieter Bouma, De Jouwer. 5e. Jan Beimers, Dronryp. 6e. Anne van der Werf, Snits. C-klasse: 1e. Hans Homminga, De Jouwer. 2e. Jacobus van der Wal, Sint Jabik. 3e. Jelle Takema, Harns. D-klasse: 1e. Teade de Vries, Frjenstjer. 2e. Theo Smit, Frjenstjer. 3e. Joeke Jongsma, It Hearrenfean.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers