contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op woensdag 30 december

Ferline woansdei 30 desimber binne de 55plussers dit jier foar it lêst oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Johannes Algra, Monte Hallema en Jurjen Tiesnitch. Pieter Bouma wie al nei hûs sûnder de krâns. Ferline woansdei 30 desimber binne de 55plussers dit jier foar it lêst oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 96 op de list. Der kinne noch wol wat manlju by! De partoeren 95 en 96 wienen dien om 16.00 oere. Op de stân 5-3 (6-2) moast Wim Bosklopper fan partoer 96 opslaan, mei in keats fan 8 meter. Omdat der in sterk perk tsjin him oer stie, mei Oeds de Roos en Jan Veenstra, woe hy in drege bal jaan en die gong kilometers bûten. Se sykje noch om de bal. Piet Bosgraaf rikte om 16.20 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (13 jannewaris 2010) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. A-klasse: 1e. Jurjen Tiesnitch, Westhoek. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Wiebe Visser, Ljouwert. 4e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. B-klasse: 1e. Monte Hallema, Frjenstjer. 2e. Anne van der Werf, Snits. 3e. Anne Tienstra, Sint Anne. 4e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 5e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 6e. Gerrit Winkel, Sint Anne. C-klasse: 1e. Pieter Bouma, De Jouwer. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Jolly Dooper, Oentsjerk. D-klasse: 1e. Johannes Algra (84), Frjenstjer. 2e. Sipke Wiersma (82), Sint Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers