contact zoeken wedstrijden

15-jierrig jubileum fan de 55+.

Ferline woansdei 16 desimber binne de 55plussers wer oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Luutzen Steegstra, Piet Keizer, Albert Dijkstra (Harns). Piet Overberg wie al nei hûs mei de krans. De krânsen wienen oanbean troch Siep Berkepas en Klaas fan Dijk. De ûntfangst wie mei gratis kofje en koeke fan de kantine-eksploitant. Omdat it dizze moanne 15 jier lyn wie, dat it 55+ keatsen begûn, wie it dizze dei feest en koenen de earste 54 keatsers fan de 120 op de list al om 9.00 oere los. De partoeren 117 en 118 wienen dien om 16.00 oere. Op de stân 4-5 (0-0) moast Jelle Goudberg fan partoer 117 opslaan. Hy hat in flitsende opslach, mar net sa wis en dan is it wat sneu, dat hy it sa gau útmakke mei fjouwer bûtenslagen. Nei it dûsen hat Jan Houwer (ek in 55+ keatser) de boel mei musyk en sang opfleure fan bekinde âlde rockers, tot Griet en Teake om 19.00 oere kamen om de feestgongers noch in prachtjûn te besoargjen. Foardat Teake en Griet kamen, hat eltsenien harren de tradisjonele stamppot mei woarst goed smeitsje litten. De 55+ kommisje koe nei ôfrin werom sjen op in tige bjusterbaarlik slagge dei. Allinnich fanwegen de protte snie, dy der fallen wie en noch hyltyd foel, moasten de minsken mei de auto troch de snie ploeterje en dienen der wol twa kear sa lang oer om thús te kommen. Piet Bosgraaf rikte om 17.00 oere de prizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. De earste priiswinners krigen in waarstasjon, de oaren in “Hobel mit Wendemesser”, mei in Switsers patent en in ôfbylding fan in keatser derop. De waarstasjons en skaafkes binne oanbean troch Rehomy BV út Drachten. Piet Keizer, it nije kommisjelid, wûn net allinnich de earste priis, mar ek noch de sulveren bal, omdat hy de bêste wie fan alle klassen (minste tsjinearsten). Jan Hoekstra út Gytsjerk wie as heechste eindige yn it jierklassement fan 2008. Hy hie de measte earsten behelle, mar omdat hy der net wêze koe, hâldt hij de wikselpriis en noch in eareteken tegoed. De kommisjeleden en Cor Vos, kommisjelid fan de earste jierren, krigen ek in skaafke fan dat Switserse patent en foar de frjoulju fan de kommisje wie der in Kryststik, oanbean troch Herman Steneker. Fierder is de 55+ kommisje noch ferryke mei jildbedragen fan anonyme jouwers. Fan 10.30 oan’t 12.30 hawwe de frjoulju ûnder deskundige lieding fan frou van der Zee en dochter in prachtich blomstik makke. Tusken de bedriuwen troch hienen Henk Seerden út Frjenstjer en Albert Dijkstra út Harns noch in ferhaal oer de rivaliteit tusken harren beide wenplakken. Elts lei dûbel fan it laaitsjen, mar dan snappe jo net, dat der om de fjirtjin dagen safolle keatsers út Harns yn Frjenstjer komme te keatsen. Oer fjirtjin dagen (30 desimber) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. A-klasse: 1e.Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Jan Buitenga, Sint Nyk. 4e. Jan Feenstra, Winsum. 5e. Johan Sikkema, Emmeloord. 6e. Gerrit bij de Weg, Harns. 7e. Jan van der Linden, Amsterdam. 8e. Ale Mosselman, Goutum. 9e. Sipke van der Zee, Tsjummearum. B-klasse: 1e. Piet Keizer, Sint Anne. 2e. Marinus van der Meer, Wytmarsum. 3e. Auke Kuiken, St. Jabik. 4e. Klaas van Dijk, Harich. C-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Louw Herrema, Slappeterp. D-klasse: 1e. Peet Overberg, Ljouwert. 2e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 3e. Durk Kamstra, Frjenstjer. 4e. Rein Seerden, Snits.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers