contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijden op 18 november 2009

Ferline woansdei 18 novimber binne de 55plussers wer oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Herman Steneker, Sipke Wiersma, Rein Seerden en Jouke Punter. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 110 op de list. De lêste partij moast eltsenien mei earsten gelyk begjinne, sadat se op ‘e tiid dien wêze koenen. De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.15 oere. Op de stân 5-2 (6-2) moast Henk Bloemsma fan partoer 108 opslaan mei in keats fan 5 meter. De foarynse fan partoer 107, Jurjen Tiesnitch, koe no de keats wol foarby slaan. Derfoar hie Piet Zijlstra, op de stân fan 2-2, mei syn flitsende opslach soarge foar twa sitballen en de tredde kear koenen de manlju fan partoer 108 mar in keats meitsje fan 5 meter. Foppe de Vries rikte om 16.40 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (2 desimber) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. It 55+ keatsen bestiet dit jier 15 jier en derom is der op 16 desimber 2009 in spesiale keatsdei. It begjint dan om 9.00 oere. De frjoulju kinne blomskikke. De jûns stamppot-boerekoal mei woarst en dernei komme Griet Wiersma en Teake van der Meer (fan 19.00 oan’t 21.00 oere). De 55plussers, dy gjin nijsbrief ûntfongen hawwe en meidwaan wolle, kinne harren noch opjaan by Minne Soepboer of Foppe de Vries foar 3 desimber. A-klasse: 1e. Herman Steneker, Ljouwert. 2e. Gerrit bij de Weg, Harns. B-klasse: 1e. Jouke Punter, Wommels. 2e. Martinus van der Meer, Wytmarsum. 3e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 4e. Leendert Terpstra, Frjenstjer. 5e. Jan Boorsma, Menaam. C-klasse: 1e. Sipke Wiersma, Sint Jabik. 2e. Jan Bleeker, Snits. 3e. Jelle Takema, Harns. D-klasse: 1e. Rein Seerden, Snits. 2e. Henk Bootsma, De Knipe. 3e. Johannes Algra, Frjenstjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers