contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ wedstrijd op 4 november 2009

Ferline woansdei 4 novimber binne de 55plussers wer oan it keatsen west yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Tjerk Jorritsma, Albert Dijkstra, Johan van der Veen en Hein Nijdam. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 114 op de list. Nei in tige slagge heupoperaasje, wie de wedstrydlieding wer yn de fertroude hânnen fan Foppe de Vries. De lêste partij moast eltsenien mei earsten gelyk begjinne, sadat se op ‘e tiid dien wêze koenen. De partoeren 111 en 112 wienen dien om 16.20 oere. Op de stân 5-5 (6-6) moast Harry de Boer fan partoer 112 opslaan mei in lytse keats, mar Jurjen Tiesnitch, de foarynse fan partoer 111 koe de bal net goed reitsje en dertroch rûn syn maat Ale Mosselman de priis mis. Piet Bosgraaf rikte om 16.45 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (18 novimber) geane de 55-plussers wer te keatsen yn de Trije. It 55+ keatsen bestiet dit jier 15 jier en derom is der op 16 desimber 2009 in spesiale keatsdei. It begjint dan om 9.00 oere. De frjoulju kinne blomskikke. De jûns stamppot-boerekoal mei woarst en dernei komme Griet Wiersma en Teake van der Meer (fan 19.00 oan’t 21.00 oere). A-klasse: 1e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3e. Frans Postmus, Hitsum. 4e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. B-klasse: 1e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 2e. Monte Hallema, Frjenstjer. 3e. Jan de Bruin, Harns. 4e. Jan Beimers, Dronryp. C-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Sjirk Overal. D-klasse: 1e. Hein Nijdam, Frjenstjer. 2e. Peet Overberg, Ljouwert.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers