contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 17 december 2008

De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 17 desimber it jiertiid 2008 ôfsletten mei stamppot boerekoal en woarst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Germ Koopmans, Anne van der Werf en Albert Dijkstra (Oeds de Roos ûntbrekt). De 55+keatsers hawwe ferline woansdei 17 desimber it jiertiid 2008 ôfsletten mei stamppot boerekoal en woarst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 120 op de list. Yn de tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk. De partoeren 119 en 120 wienen dien om 16.35 oere. Op de stân 5-4 (6-2) moast Cor Binsma fan partoer 120 opslaan en Lou Herrema fan partoer 119 sloeg de keats fan sawat 6 meter foarby, sadat partoer 119 wûn en hy en ien fan syn maten Heinz Palsma yn de prizen fûlen. Lêstneamde man wie nei 44 jier Zwitserlân werom yn Fryslân te wenjen en hat sich no by de 55+ keatsers oansletten. Sa’n 24 frjoulju hienen de moarns yn in seal fan de Trije in prachtich blomstik makke. Om 17.15 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Dernei lieten de keatsers en meikommen froulju, harren de stamppot boerekoal mei woarst goed smeitsje. Op 7 jannewaris 2009 keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije. A-klasse: 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Ynze Stienstra, Baaium. 3e. Bouwe van der Veer, Winsum. 4e. Henk Bloemsma, IJsselmuiden. 5e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 6e. Jan Feenstra, Winsum. B-klasse: 1e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. C-klasse: 1e. Anne van der Werf, Snits. 2e. Wiep Hasz, Dronryp. 3e. Bart Leemburg, Wolvegea. 4e. Koop Scholten, De Wylgen. 5e. Pieter Bouma, Joure. D-klasse: 1e. Albert Dijkstra, Harns. 2e. Anne Baarda, Menaam. 3e. Roel Zijlstra, Menaam. 4e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 5e. Louw Herrema, Slappeterp. 6e. Henk Postma, Marsum. 7e. Gerrit Voogd, Mullum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers