contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ kaatsen op 13 augustus 2008

Ofrûne woansdei hawwe de 55+ wer keatst op Sonnenborgh yn Ljouwert.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Gerrit bijde Weg, Cor Binsma, Skelte Poelstra en Evert Heeg. Om 10.00 oere hawwe se earst stil stûn by it ferstjerrren fan de 55+ keatser Germ Dotinga, dy se al in hiele tiid mist hienen, fanwegen syn sykte. Dernei gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 78 op de list. In pear kear moasten se ophâlde, fanwegen reinbuien. Neidat Foppe de Vries de fleisprizen útrikt hie oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, koe hy eltsenien om 16.30 oere in wol thús ta winskje. Nije wike woansdei geane de 55-plussers nei Jelsum/Koarnjum ta. A-klasse: 1e. Evert Heeg, Easterlittens. 2e. Hans Hilarides, Sint Jabik. 3e. Ale Mosselman, Goutum. 4e. Oege Dijkstra, Hijum. 5e. Uiltje Velstra, Idaard. 6e. Johan Sikkema, Emmeloord. B-klasse: 1e. Gerrit bij de Weg, Harns. 2e. Meint Steegstra, Blije. 3e. Jan Boorsma, Menaam. C-klasse: 1e. Schelte Poelstra, Hijum. 2e. Ernst Zwaga, Boarnburgum. 3e. Eelke Wynsma, Burgum. 4e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. D-klasse: 1e. Corry Binsma, Apeldoorn. 2e. Ype de Vries, Gytsjerk. 3e. Johannes Wierda, Hallum. 4e. Anne Baarda, Menaam.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers