contact zoeken wedstrijden

55+ keatsers yn Ljouwert

Ferline wike woansdei wie de 55+ te gast yn it Hearrenfean en dizze keer hawwe se wer keatst op it fertroude Sonnenborgh yn Ljouwert. De priiswinners mei de krâns, flnr.: Joop Langhout, Rients Smit, Jouke Punter en Oeds de Roos.

Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de 84 op de list. Nei in pear dagen reinwetter (en der hienen we ek ferlet fan) bleau it hjoed droech. It wie wol bewolkt en sa no en dan in lyts bytsje sinne, mei in temperatuur fan om en naby 19 graden. De lêste partijen fan de partoeren 79, 80, 83 en 84 wienen tige spannend en dien om 16.10 oere. Rinze van der Veen koe de bal kere by de keats, mar jammer foar him en syn maten. No wûn partoer 80 op 5-5 (6-6), wylst de oare party eindige op 5-5 (2-6). Neidat Foppe de Vries de fleisprizen útrikt hie oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, koe hy eltsenien om 16.30 oere in wol thús ta winskje. Oer fjirtjin dagen geane de 55-plussers nei Balk ta foar de 55+-PC. A-klasse: 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Herman Steneker, Ljouwert. 3e. Ale Mosselman, Goutum. 4e. Lútsen Steegstra, Blije. B-klasse: 1e. Jouke Punter, Wommels. 2e. Willem Tamminga, Frjenstjer. 3e. Oege Dijkstra, Hijum. 4e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 5e. Johan van der Veen, Oentsjerk. C-klasse: 1e. Joop Langhout, Drachten. 2e. Dirk Wiglema, Joure. 3e. Bart Limburg, Wolvegea. D-klasse: 1e. Rients Smit, Wommels. 2e. Douwe Jongsma, Brantgum.. 3e. Anne Sybesma, Akkrum. 4e. Ype de Vries, Gytsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers