contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ op 28 mei

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Ype de Vries, Joop Wortman en Herman Steneker.

De 55+ hat ferline woansdei foar de twadde kear fan it simmerskoft spile op Sonnenborgh yn Ljouwert. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers yn 9 perken. Der stienen 96 op de list, mar hiel ferfelend foar de komisje wie, dat der in stikmennich samar net wienen sûnder berjocht. Foppe de Vries hat der by de priisútrikking ek wat fan sein. We hienen súver droech waar, mei net tefolle sinne en een lekkere temperatuur. De lêste partij, fan de partoeren 95 en 96 wie dien om 15.35 oere en dat wie in oere earder as ferline kear. Om 15.55 oere hat Foppe de Vries de rollades útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen en om 16.00 oere koenen se wer op hûs oan. Oer 14 dagen geane de 55-plussers op ‘e nei nei Sonnenborgh yn Ljouwert. De moarns krigen Tjerk Jorritsma en Johan Sikkema blommen oanbean troch Janny Zijlstra, út namme fan de 55+ keatsers, omdat hja respektivelik 40 jier en 45 jier troud wienen. A-klasse: 1e. Herman Steneker, Ljouwert. 2e. Klaas Postman, It Hearrenfean. 3e. Daan Groen, Hallum. 4e. Uiltje Velstra, Idaard, 5e. Evert Heeg, Easterlittens. 6e. Eddy Broersma, Goutum. B-klasse: 1e. Joop Wortman, Balk. 2e. Dirk Wiglema, De Jouwer. 3e. Jouke Punter, Wommels. 4e. Anne Koster, Ljouwert. 5e. Siebe van der Zee, Lelystêd. C-klasse: 1e. Ype de Vries, Gytsjerk. 2e. Guus de Vries, Ljouwert. 3e. Sjerp Vermeer, Dieren. 4e. Albert Dijkstra, Gytsjerk. 5e. Sipke Wiersma, Sint Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers