contact zoeken wedstrijden

Uitslag 55+ van 26 maart 2008

De 55+ hat ferline woansdei wer in moaie keatsdei hawn yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Louw Herrema, Jan Bootsma, Andries Gillebaard en Cor Binsma. De 55+ hat ferline woansdei wer in moaie keatsdei hawn yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Omdat wy op ‘e tiid dien wêze moatte, moasten de mannen fan de A-klasse twa fan de trije partijen mei earsten gelyk begjinne. De lêste partij, fan de partoeren 107 en 108 wie dien om 16.25 oere. Om 16.45 oere hat Piet Bosgraaf de fleisprizen útrikt oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. A-klasse: 1e. Andries Gillebaard, It Hearrenfean. 2e. Eddy van der Lei, Ljouwert. 3e. Bert de Jong, Ljouwert. 4e. Luutzen Steegstra, Blije. 5e. Frans Postmus, Hitzum. 6e. Evert Heeg, Easterlittens. B-klasse: 1e. Jan Bootsma, Wommels. 2e. Monte Hallema, Frjenstjer. 3e. Oeltsje Velstra, Idaard. C-klasse: 1e. Louw Herrema, Slappeterp. 2e. Henk de Vries, Drylts. 3e. Dik Wiglema, De Jouwer. D-klasse: 1e. Cor Binsma, Apeldoorn. 2e. Theo Gijssen, Dronryp.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers