contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (27)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma


As je net better wisten dan soenen je sizze dat dy snein yn Sint Jabik in man mei tas en al bûten de auto setten waard troch syn frou dy’t dêrnei it gaspedaal ynwâde en miskien mompele fan ‘Sa dy bin ik in middei kwyt’.  Hie de man yn tiden net sjoen, de heit fan Herman Sprik, Gerrit Sprik en de tiid hie neat oan him feroare, noch altiten like aardich, mar ek noch altiten like drok. ‘Ik sponsor het dameskaatsen een beetje en ga nu kijken. Bij de heren kom ik niet meer, niks aan, dat is geen kaatsen meer’’, sa sei hy. Doe’t de finale fan de haadklassers dien wie, moast ik efkes oan Sprik werom tinke yn de betsjutting fan hy hat net hielendal ûngelyk.
 
Mar der wienen wol mear saken om oer nei te tinken, bygelyks it wurd ‘werk’ Friezen. Hoe? Ja ‘werk’ Friezen. Dat binne minsken dy’t moarns de doar útgeane mei de wurden ‘tot vanavond’ en twa bern jodelje ‘Dag papa, tot vanavond’. ‘Goed op mama passen hoor’, kin der noch efteroan mar dan wurdt it tiid foar Omrop Fryslân.
 
Ja dat binne de ‘werk’ Friezen dy’t by in radio wurkje dy’t ea oprjochte is om de Fryske taal ta stipe te wêzen. Dat binne de minsken dy’t harren eigen taal net iens sûnder flaters skriuwe kinne. Slimmer is noch dat it se ek neat skele kin of de koarte klank fan ‘brún mei in streekje is en dat it lange lûd sûnder streekje is, brune. Nee se ha wol wat oars oan ‘e holle yn harren praat- anneks muzykprogramma’s. ‘Goh Sytske, no reinde it sa en ik hie net iens in paraplu by my, ik wie trochwiet, hoe siet it mei dy?’ En dan komt de producer oan it wurd en dêr ek fiifensechstich kear it wurd ik,ik,ik,ik yn.
 
Net te tillen dy ûnbenullichheid yn tinzen en wurden en dan ek noch tinke dat eigen onbenulligheden in oar wat skele kin. As je no noch Elvis binne of Maradona, dan mei it hinne rinne. It is de nije formule fan de Omrop  en neffens de nije sifers fan it koloaniale managemint fan de ferkearde kant fan de Ofslútdyk binne dy sifers stigende. Om je hinne heart gjin mins mear nei de Omrop, want minsken sûnder geastlike bagaazje twa oeren oanhearre moatte is net oan leeftiid bûn. Dat is foar alle leeftiden net te hurdzjen.
 
En sa is ek it keatsen op it listje fan besunigingen kaam, hoewol it de lêste wiken wol wer wat tafalt. Dat kin wat ‘amusementswaarde’ net fan it keatsen yn Dokkum en Sint Jabik sein wurde. It wurdt tiid foar de waachskaal en de hurdheidsmeter. Allinne yn Menaam binne de mannen fan de wantenkontrole west, it soe net gek wêze en kom ris wat faker. En dat wurdt ek troch de keatsers sels sein.
 
No kin spanning in soad ha, dan bliuwe de minsken wol sjen mar der moat ek wolris in blokjerinner troch it fjild want de sport giet noch altiten om keatsen lizze. Wat dat oanbelanget hat Sprik grut gelyk, je kinne better nei it froulju’s keatsen sjen as it sa troch giet. Oan de oare kant twa dagen is net it hiele keatsen sa’t Kroatië-Nigeria net stiet foar alle fuotbal.
 
Mar soargen meie je je wol meitsje sa no en dan. Ien treast, it kin folle minder. By de Omrop wurde de minsken dy’t harren soargen meitsje om de taal en it nivo fan de programma’s it gebou útjage. Bryk Frysk of min Frysk prate mei tsjintwurdich, goed Frysk skriuwen hoecht al hielendal net foar dy rudige 650.000 euro dy’t de provinsje oan de Omrop jout. Wat dat oanbelanget kin it keatsen noch wol efkes bûten- en boppeslaan, it is heinebaljen fergeleken mei wat dy neo-koloaniale ‘Randstedelijke’ managers by de Omrop fan ús sinten dwaan meie.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers