contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (26)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Nei seis of sân wike keatsen is de ‘Kingma-jazz’ de moaiste útdrukking dy’t ik tsjinkaam bin oant no ta. Fansels wie Hans Wassenaar de man dy’t it betocht, sa’t hy earder de moaie siswize ‘Ik stek alle partoeren lek’ brûkte. Sneons woe it net mei de mannen, sneins sloegen Renze Pieter Hiemstra en Wassenaar alles yn ‘e brân. Fansels sjogge je dan nei de moffen en je freegje dêr ek nei, mar dan kinne je like goed tsjin in stiennen muorre oanrinne sûnder helm. Sels pine holle en de muorre stiet noch oerein en sels witte je noch neat. De altiten mei beide fuotten op de grûn steande Hendrik Kootstra sei ‘Boppe is boppe en hoe fier se geane kin my neat skele’.
 
‘Sa komme je nochris ergens’ stie ergens op Facebook mei in foto fan in BMW by de plaknamme Damwâld dat ea Ikkerwâld hiet. Foar guon oaren is dat thúskommen, je sjogge de geasten fan de minsken ûnder de petten op ‘e boppe sa noch sitten. Us heit tusken de petten fan Sikke Wiersma en Gerrit Staal yn. De ‘caesars’ fan de greiden dy’t de ljippen better lêze koenen as de eigen frou. Sikke op knibbels op de grûn om mei de hannen oan te jaan hoe’n ‘lief lyts keatske’ hy opslaan moast op fiif earsten en seis gelyk. Fansels gie dy keats net foarby, en fansels wie gjinien der by west om de wierheid fan de ferhalen te mjitten.
 
Hoewol, Binne van der Werf komt mei syn 84 jier aardich yn ‘e buert. ‘De earste tachtich jier binne it moaist’, sa sei hy. De man dy’t ea yn Sint Jabik by it keatsen kaam en doe oer de keale bougrûn seach en sei ‘Wy moatte seker hjir ús eigen beam meinimme’. No sil hy net sa gau mear yn ‘e Bilthoeke komme. Ferline jier wie hy noch yn Sint Anne en woe in pilske keapje nei ôfrin. ‘Dat kin net, jo ha gjin oranje bandsje om’, sa sei it famke yn ‘e tinte want dat wie de opdracht fanwege de leeftiid fan alkohol oan achttjinjierrigen. ‘Jo tinke seker dat ik krekt fyftjin bin?’ sa frege de 83-jierrige Van der Werf. Om dêrnei te sizzen, ‘Ik kom hjir nea wer.’
 
Foar it gebou De Snûter lei sneon it domein fan Erwin Brouwer, weagje it net en pak in bal op dy’t oer de boppe fleach want alle ballen wienen foar him. De eagen boppe op ‘e holle en dan de bal weromslaan nei de haadklassers, op ‘e foto hat Pieter Jan Plat de eare de bal werom te krijen. En it wie foar de keeper fan it G team fan Dodado dochs al in moaie wike. In wike lang mocht de grutste PSV-fan fan it noarden  de grutte wikselbeker yn hûs ha dy’t yn Aldwâld tsjin WTOC behelle wie.
 
En foar de finale fan de partij fan Nut & Nocht tusken de priiswinners stean, it folkslied waard meisongen as gie it om it klublied fan PSV. In ‘lief lyts keatske’ dat foar ien dei de boppeslach fan de dei wêze mocht. Dêr kin sels gjin ‘Kingma-jazz’ tsjinop.
 

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers