contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (20)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De namme Moed en Volharding fan Doanjum soe sa foar ien dei ferpleatst wurde kinne nei Nije Kriich fan Weidum. Weidum yn ‘e rein, Piter Wilkens is nea fierder kaam as Marsum yn ‘e rein mar it komt op it selde del. No leit Weidum wol faker mei min  waar yn ‘e knoop. It programmaboekje fertelt krekt yn hokker jierren it waar ek spultsjebrekker wie. Yn 1964, 1979, 1983, 1987 en yn 2002 gie it net troch fanwege it wiete waar. Dit jier gie it wol troch en sels it sa moaie fjild wie net genôch om alle rein te ferjitten.
 
Fyftich jier lyn wist Sint Jabik it ek te winnen mei Gerrit Tempel, Henk Leeuwen en Robert van Wieren. It wie in partij mei in ferhaal. Van Wieren wenne doe as kapper in skoftsje yn it doarp fan Klaas Kuiken en Dooitzen de Bildt en hie in knap partoer. Robert moast him behelpe want it skouder woe net echt mear mei. Mar hy hie dy deis in moaie want oan, it lear wie wat dikker as oars en hy liet it moai droegje sadat Robert himsels de ‘napslach’ oanleard hie. Dat kaam minder op it skouder oan.
 
De finale tsjin Sneek soe los, Jan Hoekstra, Gerrit de Jong en Piet IJsbrandij wienen de tsjinstanners. Robert fertelt oer doe: ‘Doe’t wy út de klaaikeamer it fjild op moasten wie myn want nergens mear te finen. Panyk, en dus ha’k de finale keatst mei in liende want.’ Robert is te folle hear om te sizzen wa’t syn want stellen hat, mar in heit fan ien fan de tsjinstanners hong krekt wat te lang by de klaaikeamers rûn. Robert wist wol wa, mar woe it net sizze, dus wa bin ik om it hjir wol te sizzen.
 
De partij hie der net ûnder te lijen, op 5-3 en 6-0 sloech Robert de bal oer alles hinne. En dat wie om healweis achten jûns, dus ek yn âlde tiden koenen se der wat fan. Fansels, ‘vroeger is voorbij’ mar wa’t snein yn Weidum nei de keatsers seach hat tinke moatten dat froeger noch tige libben is. Efkes op in rychje: Chris Wassenaar, Jacob Wassenaar, Klaas-Anne Terpstra en as útsmiter fansels Ludwig Seerden dy’t yn de fjirde omloop noch op it fjild stie en ek noch foaryn en foarminst op.
 
Net allinne de bolwurken fan ea Wytmarsum, Wommels en Penjum wienen der net, ek in soad tweintigers lieten it ôfwitte. Sjoerd de Jong naam syn hiele partoer mei fan de list ôf. In stikkene hân, wat min fallen sizze guon, oaren sizze wat oars. It rychje kin noch langer wurde mei Jelle Attema, Durk Ennema, Hylke Bruinsma, Hillebrand Visser, nei ien omloop, Michel van der Veen, Patrick Scheepstra. It reinde blessueres en dat betsjutte dat minsken harren dei omgoaie moasten.
 
‘Ik soe oars hjoed nei de sauna en no steane je hjir yn de rein’, sa sei Jouke Bosje dy’t it noch net ferleard wie. De measten dy’t net it fjild mear op hoegden ferruilen it fjild foar thús. Lytse buien, grutte buien, lyts nijs en grut nijs. Dicky van der Zee wie op ‘e nij coach fan LKC. De mannen helje him fan hûs en nei ‘in pear pilskes’ bringe se him ek wer thús. Net in coach dy’t de fleskes drinken oanjout, ‘Daar ben ik niet foor’ en dat past ek net by de man dy’t yn 1960 de PC wûn yn 1967 de Bond foar Baard om mar in pear ‘wapenfeiten’ te neamen. Yn Weidum hat Van der Zee nea wûn, mar hy hie dochs in priis. De dokters ha him nei in slimme sykte wer sûn ferklearre en dan ha je de krânse mei in grutte K, seker as je 81 jier binne.
 
Moai nijs wêr’t gjin min waar tsjin op kin. Ek lytse buien dreaunen oer yn Weidum, reserve coach Gabe Leeuwen wie út de skroeven want hy hie dit jier in prachtich kado op ‘e jierdei krigen, mar dit is net it plak om dat hjir út de ferpakking te heljen. Fansels net te fergelykjen mei de swiere bui dy’t dy aardige Harnzer Johnny Ligthart oer him hinne krige, hy hat net it gelok fan Van der Zee. Troch de buien wurde syn triennen wei, mar hy giet der neffens Johannes Brandsma op syn Harnzers mei om: ‘Hannes, ik hew nou un sakje (stoma) op de billig. Gelukkig sit it links, dus ik kin noch opslaan’. Mei sa’n opmerking hâlde je it fansels net droech, yn de dûbele betsjutting.
 
 
 
 
 

FotoBalkearder20

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers