contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (18)

Tekst & Foto: Rynk Bosma

Mei de Aldehou yn it sicht dwarrelje de blêden al wer nei de ivichheid en dat makket dat dy lêste partij altiten de geur meidraagt fan foarby. As mins mar ek as keatsleafhawwer witte je dat de tiid fuort lekt, ek al wie dy tiid der nea west. Sjoch nei de Aldehou op de foto fan hûndert jier lyn, de geiten en it gers der om hinne, as wie it der nea west. Rûnom dy toer stapte Taede Zijlstra al rûn op wei nei de Aldehoupartij.
 
Dat gers wie ek de basis fan de earste stappen fan fuotbalklup v.v. Leeuwarden, de earste leden fuotballen op dat gers, op klompen omdat de bern neat oars hienen. De Klomp sa wie de bynamme fan it read wite vv Leeuwarden dy’t op 14 augustus 1917 oprjochte waard, in earetitel want it wie in klup fan en foar de arbeiders. Yn de tweintiger jierren hierde de feriening it fjild fan LKC foar tûzen gûne per jier. Jan Rodenhuis wie letter foarsitter en der wienen noch mear keatsers lid fan de klup. De Klomp wie ek de foargonger fan SC Cambuur en spile ‘betaald voetbal’ fan 1954-1964.
 
Tinkend oan it rojale prizenjild fan de Aldehou, geane de tinzen werom nei it sunige v.v. Leeuwarden. Fiif gûne per wedstriid en by winst wie dat fyftjin gûne. It wie tsjin ’t Gooi en v.v. Leeuwarden stie rojaal foar. Tsien minuten foar tiid waard de PC-winner fan 1950 en PC-kening yn 1956 Arp Hiemstra wiksele foar….de PC-winner fan 1954 Sip van der Zee. De penningmeester wie razend op de trainer: ‘Hoe kest dat nou doen, dou boorst mie un tientsje deur de neus.’ Banksitters krigen mar fiif gûne, mar no krige Van der Zee fyftjin gûne foar tsien minuten spyljen.
 
Arp Hiemstra spile betelle fuotbal fan 1954 oant 1959, Sip van der Zee die dat ien jier, 1956-1957. It wie Arp Hiemstra neffens it kontrakt ferbean nei 6 augustus noch te keatsen. Dat docht tinken oan André Roosenburg, ek fan de Klomp, dy’t yn 1975 in boete krige fan SC Cambuur doe’t hy him tidens de PC-finale net om fiif oere meldde op de earste training.
 
Sip van der Zee wie de pake fan Pier Piersma en it skynt dat Pier it selde ‘loopke’ hat as syn pake. Teminsten dat sei in man dy’t beide sjoen hat tsjin dûmny Dykstra fan Wommels. Dy sei mei de âlde pake Piersma foar eagen, ‘Dy hat ommers neat kinnen’. Dat mei dan sa wêze, mar de earste krâns fan it keatsjier fan Pier giet steefêst nei it grêf fan pake Piersma.
 
Sneon giet it om de lêste krâns fan it jier. De klup fan Pieter van Tuinen doart wol wat oan, foar de troepen oprinne kin je it neame. Fansels misse je keatsers op dy partij, tink oan de PC-kening fan dit jier Hendrik Kootstra. Tink oan Hylke Bruinsma. Der steane net allinne sinten op it spul, ek it klassemint fan dit jier stiet op it spul. En miskien wurdt dat wol yn de finale beslikke.
 
Foar Alle Jan Anema is it de lêste partij, sil him misse mei syn moaie technyk, foar him giet it selde op as froeger foar Klaas van Wieren: in sieraad fan de keatssport. Tink ek oan dy fiersten te folle keatsaginda, dochs ien fan de redenen foar Anema om op te hâlden, sa’t dat foar Sjoukje Visser ek de reden wie. Dêr moat wat oan dien wurde want it ferlies is sa grutter as de winst.
 
De lêste partij foar Anema en hy sil letter fêst ris werom tinke oan de wurden dy’t in froegere foarsitter fan De Klomp yn it jubileumboek optekenje liet: ‘Ik was een kind en wist niet beter dan dat dit nooit voorbij zou gaan’. 
 

OldehoveBalkearder

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers