contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (17)

Tekst & Foto: Rynk Bosma

Wie acht of tsien jier en dat is de leeftiid dat it behang fan je libben fol hinget mei posters fan helden, Piet Keizer, Johan Cruijff, neam se mar op.  Mar fan ien held wienen yn dy tiid noch gjin posters. Dy poster kaam allinne mar foar yn de holle sa rûn 1963 mei as eftergrûn it keninkryk fan Sikke Wiersma yn Ikkerwâld. Robert wie de namme, in keatser  breed fan postuer, prachtige swarthierrige man mei in breed boppestik dat smel nei ûnderen rûn. Sjarmant yn alles, hy koe geweldich slaan en better noch geweldich prate. Sa woe ik letter ek wurde. It measte ûntgie my fansels sa as bygelyks dy ‘spjuchtige hikkespringer’, sa’t hy wolris neamd waard, foaryn my ek ûntgie: Klaas van Wieren.
 
By it âlder wurden gie ik faak mei in maat nei it keatsen en wy dielden in pear eigenskippen. Wy hienen gjin talint foar ‘fan’ wêze, te folle minsken fan de observaasje, te stive knibbels om foar in keatser te knibbeljen, ek al hoechde dat doe ek net. It byld fan de keatser en syn spul moast suver bliuwe, dêr moasten gjin priveesaken troch hinne grieme dy’t it byld minder moai meitsje soe.
 
 
‘Houd afstand’ wie it motto. Wy seagen de keatsers eins as in moaie frou yn de fierte, net te ticht by komme. Net in byld wêr’t Robert entoesjast oer wêze soe. Mar om de fergeliking efkes oan te hâlden, as je te tichte by kamen seagen je in rimpeltsje hjir, in barstje dêr, of in te swiere make-up. En stel dat dy blonde of donkere ingel de mûle iepen die en dat der dan teksten fan in boatwerker útkamen. Dat alles soe ôfbreuk dwaan oan de keatser en syn kinnen.
 
It soe oant 1990 yn Bitgum duorje ear’t wy foar it earst mei in keatser praten, útsein Jarich van der Veen fansels wêr’t wy mei fuotballen. Johannes Brandsma wie de namme en wat wy seagen wie in eigensinnich, net altiten like diplomatyk, mar wol in moai minske. Rom tsien jier letter kamen de fjouwer Van Wierens yn byld. Moaie, aardige en earlike minsken sûnder pretinsjes, grutsk op wat sy op it keatsfjild sjen litten ha mar dochs gewoan bleaun. Minsken dy’t in boek wurdich wiene en fertsjinnen.
 
En dat boek is der kaam en no is der yn ‘e oanrin nei de Marsumer merke op tongersdei 7 septimber om 20.00 oere in jûn mei de fjouwer Van Wierens yn it ljocht fan de oandacht. In jûne dy’t eins mear is as allinne dat. De tiid fan doe wurdt werom helle, de tiid dat alles oars wie tusken 1960 en 1990. Foar in soad minsken in moaie tiid want se wienen sels doe ek noch jonger as no. It is fansels net allinne mar sitbal, boppeslach en bûten. It binne de klanken fan it paad werom en hoe’t dat paad fan doe belibbe is troch de fjouwer mannen. In soad minsken sille tongersdei ek foar in pear oeren it paad werom belibje en it nei in pear slokjes noch moaier meitsje dan it wie, elk mei syn eigen kleuren. Want de moaie frou yn de fierte fan doe hoecht neat mear op te hâlden as de ferhalen dy’t oerbleaun binne.
 
 

VierVanWierens1

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers