contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (16)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Anne Waterlander

Der komt aansens  in boek út dat ús de wei wize moat nei in better libben. Net mear it ferhaal fan ‘druk, druk’ want moarn moatte wy wer dit of dat dwaan. Nee mear stilstean by de dei fan hjoed en tankber wêze foar de moaie dingen fan dy dei. Fansels falt de wrâld net om by dit nijs mar it kin de eigen wrâld wol in stevige treau jaan yn de goede rjochting.
 
De moanne augustus is hast foarby en de moaie mominten binne hast net te tellen. De grutte partijen efter de rêch en winst en ferlies binne fêstlein yn de ‘gestolde’ mominten fan it byld. Je ha der gjin famylje by te rinnen dus sjogge je der oars nei. It grutste momint foar Henk Bootsma leit noch altiten yn it byld fan winst en ferlies op ien foto, fertriet en wille foar de ivichheid fêstlein.
 
Mar der is mear, tink oan dy foto fan Jelle Attema as hy op de PC syn eigen shirt yn ‘e mûle hat. Tink oan Jacob Klaas Haitsma dy’t fan it fjild ôfrint, fiif sentimeter en it hie oars west. Mar tink ek oan dy man mei tichtknypte eagen, de heit?, om de triennen binnen te hâlden, as hy om de hals fan kening Kootstra hinget. Of dy trije mannen dy’t efkes de Polka dogge. Mar ek it plaatsje fan Pieter Jan Leijenaar, plat op de grûn giet troch alles hinne, ek al om’t hy noch mar in jonge is. Of tink oan it tichtknypte gesicht fan Imke van der Leest flak nei ôfrin fan de PC.
 
Ien fan de moaiste foto’s wie dy foto wêrop je eins neat seagen, heit Anne-Geert Krol mei syn Louise op syn sterke skouder, ferside efter de oranje krânse, Jappie Wijnia wie neist him ek net te sjen want hy siet krekt as Durk van der Leest lekker feilich achter de blommen. Je tinke dan oan it wurd tankber dat hân yn hân rint mei it wurd gunne. It ien kin net sûnder it oar. In begjin fan pikefel wylst nei eigen miening de moaiste foto noch komme moast.
 
Dy waard sneon makke yn Bitgum en de foto op himsels is neat bysûnders, se wurde ommers alle wiken makke.  Nee it wie dy iene man rjochts dy’t dizze foto sa moai makke. John Deere op it boarst, mar wichtiger noch de sulveren bal om de nekke. Coach Gabe Leeuwen en wa ken him net?
 
Rom tsien of fyftjin jier lyn kaam ik him foar it earst tsjin. Wie coach fan de B-junioaren fan Ryptsjerk en de tsjinstanner wie it ek yn it blau stútsen Sint Jabik. Of de wedstriid wûn is of ferlern, goed spile of net, wit it net mear. Allinne it momint sa’n 25 minuten foar it ein wit ik noch, Gabe Leeuwen mocht der yn, op de linksbûten. Wit ek net mear wa’t de coach wie, mar de man hie foar ivich myn hert stellen mei dizze wiksel.
 
Dit foarjier nei it beslissende duel fan Sint Jabik, thús tsjin Blue Boys. Je meie net oer de wedstriid skriuwe, allinne de doelpunten, makkers en yn hokker minút. Dan is in elektronys skoareboerd sa as dat fan Sint Jabik wol handich fansels, mar ien wie fergetten him oan te setten. De earste helte wie foarby en fansels kaam Gabe Leeuwen lâns. Frege him of hy dat skoareboerd efkes oansette woe en fansels woe hy dat. Oft hy it sels dien hat wit ik net, mar it boerd telde de ferkearde kant út, fan 45 nei 0 yn pleats fan nei 90. Fûn it moaier en grappiger as de wedstriid dy’t der te sjen wie.
 
En no dus Gabe Leeuwen mei de sulveren bal om de nekke neist de maestro fan it keatsen. Krige pikefel fan it gelok dat fan it gesicht fan Gabe ôf te skeppen wie. Tankber as leafhawwer fan in sport wêryn it mooglik is in oar meidiele te litten yn de gloarje. De man dy’t wend is oan keatsen fan in sigret, mocht foar ien momint boppeslaan mei de nap fan it gunnen.

Gabe2 2

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers