contact zoeken wedstrijden

Fertriet en freugde dûnsen by elkoar lâns op Freule

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Video: KNKB Media

As sport earne it hiele libben is foar ien dei, dan is dat wol op de Freule. Woansdei 9 augustus wie it net oars, winst en ferlies skuurden by elkoar lâns en it wie prachtich om dat te sjen op de gesichten fan de haadrolspilers. Wat dat oanbelanget sprong it fertriet ûnder dy sa blonde kuif fan Gabe-Jan van Popta der wol út. Hy hie mei syn partoer fan Lollum-Waaksens de foardoar fan de Villa van de Freule al yn de hân.
 
Hy fertelde dat hy noch net sa lang lyn as jonge wat oan de lytse kant wie. Hy fertelde ek dat yniens de groei him ta in talint makke dat woansdei der út sprong. Hy die in bytsje tinken oan Nick Leistra fan Tsjummearum dy’t as in Grykse held der ôf gie. Mei Van Popta wie it net oars. Betink it mar, tsjin de pompeblêden fan Boalsert rûn it as in trein. Op de earste seis gelyk gie de bal fan Van Popta de tribune yn. Op 4-1 en 6-6 gie dy bal de tribune al wer yn en dat betsjutte dochs in lytse sensaasje foar dat sa lytse twalingdoarp yn de greidhoeke.
 
Neat oan de hân sa tocht Van Popta ek al waard it 5-2. In triktrak boppe op 0-6, boppe op 6-2 fan Jelle Cnossen. Sjoch doe waard it op 5-4 in wankel evenwicht, mei yn it lêste earst in haadrol foar Cnossen dy’t Boalsert rêde fan de ûndergong. Van Popta, tweintich dagen te betiid berne om it oare jier wer mei te dwaan, de Freule as it hiele libben foar in útblinker dy’t it fertriet hast net yn de macht hie, stielblauwe eagen ûnder sniewyt hier, in plaatsje fan fertriet wêr’t gjin treast te jaan wie.
 
De Freule as toaniel foar de mins yn syn miskien wol moaiste tiid fan syn libben. In dramatise dûns om de Freule dream binnen te heljen. De jonges sels ha net rjocht troch hoe moai dat wêze kin. Henk Laanstra wûn tegearre mei Douwe Beimers en Meile Zijlstra foar Bitgum yn 1967 de Freule. De emoasjes slalomje fyftich jier letter noch tusken de wurden troch as hy it hat oer de ‘Freule dream’ dy’t pas letter de foarmen fan in Grykse leginde oannimme. As jonge ha je dat sa net yn ‘e gaten, sa sei Laanstra.
 
Hoe grut dat wurde kin fertelde hy ek: ,,Twa jier lyn bin ik nei de begraffenis fan Beimers west, en doe’t ik dêr kaam stie de Freulefoto op de kiste.’’ De winners fan no steane der fansels oars yn, Jelle Cnossen wie eins de held fan Boalsert dy’t harren tsjin Lollum-Waaksens rêde. Menno Galama wie op papier de kening fan it partoer, in jonge dy’t betiden wat ôfremme wurde moat. Mar ek in jonge dy’t flak nei de winst it fyzier al rjochte hie op it grutte spul, ‘trochhelje’ nei de top, sa sei hy.
 
De keatsers fan de lêste sân partoer sitte allegearre by de Keatsskoale yn Arum en dan hoege je fansels neat mear te sizzen. Slaande reklame op twa fuotten, sa kinne je sizze. En doe’t  Pieter Jan Leijenaar de bal heech op de kwealine joech by in te lytse keats sille fêst in pear tocht ha fan: je kinne wol sjen dat hy út it doarp fan Sjouke de Boer komt. De Boer wie kening op de PC fan 1973 en 1978 en helle ivige rom mei dy ‘luchtkastelen’ sa’t dat doe sein waard.
 
In jonge keatser mei in soad taktise bagage yn de tas, ,,Ik wjerken wol wat fan my sels yn him’’, sa sei Tunno Schurer en in grutter komplimint kinne je net krije.
 
De Freule is ek in sportbarren mei it byld yn de haadrol. Wichtige slaggen steane al binnen in pear minuten op Twitter en dêr kin de âlderwetske pinne net tsjinoan. Dochs moat der romte bliuwe foar it wurd op papier en nei ôfrin fan de Freule hat dat der wol oan. Binnen fiif minuten is de huldiging al, en as je alle oare lokwinsken fan famylje en freonen meirekkenje, dan bliuwt der foar kranteminsken dy’t mei in deadline te meitsjen ha mar in bytsje tiid oer.
 
De Freule fan 2017 wie spannender as de lêste jierren en it is dan ek spitich dat it ein sa nuver wie. Minsken op de tribune wienen ferbjustere dat it ynienen dien wie. Oaren seagen de bal wol tsien sentimeter foar, it heakke efkes by de karmaster ear’t hy yn joech, neffens my hat hy it net sjoen. Spitich dat it sa einigje moast, mar ja it bliuwt minskewurk. Fertriet en freugde dûnsen by elkoar lâns, de Freule yn ien byld gearfetten. 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers