contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (13)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Gelok leit yn it byld fan Foppe de Haan yn Utrecht opsletten. Triennen fan gelok fan in man dy’t tankber en gelokkich is dat hy mei syn 74 jier hjir noch diel fan útmeitsje mei. In slagge aksje in jier lyn brocht ek triennen doe’t hy der wurden oan jaan moast. In leafhawwer dy’t wit dat der betiden gjin wurden binne om dat gefoel fan leafde foar it spultsje  yn te fangen en lit dan dy ‘waterlanders’ syn wurk mar dwaan. Gelok is ek in dei op de PC omslaan, it hie ek wol twa dagen duorje mochten. In lytse sântûzen minsken by elkoar en gjin raar wurd te hearren. Geduldich wachtsje as it rinnen op in trochgong efkes halt hâldt.
 
Gjin plysjes te bekennen, gjin ME te sjen, lit stean dat der in krisismanager oan te pas komme moat. De draaiboeken binne der wol fansels, mar kom dêr yn it Nederlân fan hjoed ris om, in evenemint mei tûzenen minsken en der is gjin ferkeard wurd fallen. Allinne it waar is al oanlieding foar dy idioate code geel of code oranje, lit stean as der minsken oan te pas komme. De beammen op de bolwurken kinne de rest fan de simmer sûnder wetter, sa faak stienen mannen der tsjin oan. De ‘bewaking’ seach in oare kant út, de minsken dy’t der lâns rûnen kamen net op it idee ‘Dat mag niet’ te roppen.
 
De skriuwer Stefan Zweig skreau ea it boek ‘Die Welt von Gestern’ oer in wrâld dy’t foarby wie, in minsklik lânskip dat net mear bestie yn de doe wrede eigen tiid. Mei de PC is it net oars, it is de wrâld fan juster dy’t noch ien kear yn it jier opfierd wurdt, as in toanielstik dat sjen lit hoe’t it ek kin en eins wêze moat. Nei ôfrin de treast dat der oare jier wer sa’n dei komt, âlde kunde dy’t bliid is dat je wer in nij jier helje, nije helden en oare triennen fan gelok.
 
De wrâld fan juster, Heleen sil der faak oan werom tinke de kommende tiid. Moatst sels noch 29 jier wurde doe’t it libben de bal in ein bûten de krite brocht. Je binne mar in balkearder en mei Heleen is it net oars. Nei in moanne as trije sil it stiller wurde, it glês fan de stolp wêrûnder je libje los fan de oare minsken wurdt matglês. Der sille guon wêze dy’t tinke fan ‘no hat it lang genôch duorre’ mar dat lang genôch hat gjin ein, sil nea ophâlde, je drage it by je lykas de kleur fan eigen eagen. Oaren sille leaver in oare kant opsjen om’t se net witte hoe’t de hâlding wêze moat. It is libjen yn in winterlânskip sûnder de gebrûklike maitiid, simmer en hjerst. Libje sûnder kleur, sûnder wille mei de boaiem fan it bestean faker as ien kear yn sicht.
 
Je wolle de wrâld fan juster nei moarn tabringe mar as balkearder ha je dy macht net, je binne ôfhinkelik fan wat it libben oan de opslach docht. De PC sil yn 2018 wer ien dei de wrâld fan juster fiere. Heleen sil foar ivich elke dei de wrâld fan juster fiere, de tiid dat Rinse syn plak noch wist. In ferskil fan dei en nacht, sa kinne je sizze.

FotBalkearder13HB

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers