contact zoeken wedstrijden

164ste PC: ferrassingen, spanningen en emoasjes

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Anne Waterlander (X-lent)

De dei is neffens de klok healweis op de 164e PC en elts wit dat dan de minsken begjinne te reizgjen. De rituelen fan de PC-dei moatte ôfwurke wurde is it net? Of it no seis gelyk is of net, de struktuer fan de mins moat syn gerak ha. Dochs wie dat juster net sa, elts bleau sitten om te sjen nei betsjoenende partijen dy’t betiden noch it measte wei hienen fan in âlderwetske lotterij.
 
De earste fiif earsten gelyk partij wie al efter de rêch en ik hie te dwaan mei de achtjinjierrige debutant Durk Ennema. De mannen fan Seisbierrum sloegen as gekken, Pieter van der Schoot wist wol wêr’t de ballen hinne moasten wylst Laas Pieter van Straten noch it meast tinken die oan in moaie blom dy’t te lang gjin wetter hân hat, mar sûnt inkele wiken in hûd fol reinbuien op it dak krigen ha. It wie de partij dy’t as foarbyld tsjinje koe foar de hiele PC. Mei 5-1 foar en de loft like stielblau foar Ennema, oant Johan Diertens op 5-1 en 6-6 in sitbal jout. De ljochten geane op grien en de mannen yn it giel  witte de twadde omloop te heljen. De minsken knipperen noch nei mei de eagen doe’t foar dy eagen de kening fan 2016 mei 5-1 ôfdroege waard.
 
De lotterij wie begûn en gjinien wist hoe’t it komme soe, dus it iten waard om tolve oere efkes oerslein of opskoud want it partoer Menno van Zwieten wienen ek oan it ôfdroegjen, mei de favoriten yn de rol fan slachtoffer. Ek dêr in draaidoar yn de winkel dy’t PC hjit en wêryn je oan twa kanten útstappe kinne, mar dan moatte je dat wol dwaan fansels.  It partoer Van Zwieten die dat net en doe koe it grutte reizgjen begjinne. Mei in Jarich van der Veen, kening yn 1974 en ek winner yn 1971 dy’t it in prachtige PC fûn en doe moasten de heale finales noch begjinne. De topopslagger fan doe hie gjin lêst fan al dy missers, it wie spannend, it wie in thriller sa’t je dy net faak op de PC sjogge.
 
Sjoch noch dy earste klas partoeren yn it ferline dy’t al tefreden wiene mei in finale plakje. En sjoch dan dy aparte Jelle Attema, net stikken te krijen yn de kop. De minsken op de tribunes sieten op syn skouder en hopen stikem op de sensaasje fan it jier. Sjoch syn pake neist him stean nei ôfrin, de emoasjes wienen him de baas.
 
Seach dy sa nochteren Hendrik Kootstra mei reade eagen, emoasjes dy’t my rekken want by him hie ik dat net tocht. Seach nei de man fan de sifers, Alle Jan Anema dy’t syn boekhâlding no ek by it keatsen op oarder hie: hy hie dochs noch dy PC wûn, it rekke de minsken. Aaide dy aardige Bauke Triemstra efkes oer it wang, mear koe net, hy wie yn petear mei Richard Miedema. In gebaar fan moai datst mei dizze stap út it skaad fan dyn broer stapt bist. Dy selde broer dy’t hast as earste by him wie.
 
Sa folle emoasjes, sa folle spanning en ferrassingen, mear hoecht in PC net te ha en dat fûnen ek al dy minsken dy’t der by wienen. Dat gefoel wolle minsken werom lêze want de PC fan 2017 wie as in suchtsje wyn yn de ivichheid, sa mar foarby, sa mar skiednis ek al sil it foar ivich opslein wêze yn de hollen fan Bauke, Hendrik en Alle Jan. Mar ek Jacob Klaas, Jelle en Hillebrand witte dat de PC noch nea sa ticht by wie as dy fan dit jier.  En je witte noait of it noch in kear foarby komt. Gelokkich foar al dy tûzenen minsken komt de PC wol wer foarby, ek al is it pas yn 2018. Sa spannend as dit jier sil it net sa gau wer wurde.  
 

Wave

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers