contact zoeken wedstrijden

Column Balkearder (9)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It grutste foardiel fan te heech gers is dat je der yn elts gefal gjin spikers hoege te sykjen. Want fansels fleach it grien nei woansdei de grûn út, sels op de sa moaie klinkers yn Littens hienen de mannen der muoite mei betiden steande te bliuwen. Wa’t fan froeger hâldt kin yn dit doarp terjochte. Mei it grien op syn moaist Easterlittens binnenride is de Greidhoeke op syn moaist. En alle wegen rinne nei dat peloteplein mei Evert Rodenhuis as in soart Caesar op de feewein dy’t it hear oereidet.
 
Dy feewein wurdt elk jier troch Emiel Vogels persoanlik besoarge en dat is dan wer te tankjen oan Thomas Bouma dy’t in soad mei de bouboer fan Firdgum te krijen hie yn it ferline. De yn 2016 ferstoarne Thomas Bouma waard efkes eard foardat de striid tusken de doarpen los gean koe. Grutsk liet Rodenhuis sjen wêr’t it om te dwaan wie yn Littens: ‘It pealtsje fan Easterlittens’ fêstlein yn swart marmer mei in brechje, en twa tsjettels derûnder. It ferhaal fan de skuonmakker dy’t nei in dream nei Amsterdam gie want dêr soe hy ryk wurde op De Pijp. Nei trije dagen sei ien tsjin him dat de rykdom ûnder it pealtsje yn syn tún te finen wie. De moraal wie fansels,  wêrom it gelok fier fuort sykje as it foar je fuotten leit.
 
En dat gelok wie foar de peloteurs fansels harren eigen namme op dat boerd, sa’t Rodenhuis dat sei: ‘Se wolle allegearre op dat boerd.’ No net allegearre, Enno Kingma hie leaver de krânse op it Hearrenfean mei de keningstitel der ek noch by. Kingma hie wol humor doe’t hy tsjin Johannes Brandsma sei dat der no einlik in plak wie wêr’t hy faker wûn hie as De Brand. Yn syn tiid waard noch net keatst yn it Feen. Foar Gerrit Okkinga hoecht dat ek nea wer, Gerrit fergeliket graach de prizen fan kofje en bier fan de ferskillende plakken. No op it Feen kaam hy nea wer: ‘It is dêr in bobokultuer, moatst ris sjen wat se dêr foar in kopke kofje rekkenje of in pilske. Nee dan kinne je better nei Itens’, sa sei de PC kening fan 1963.
 
Brandsma hie noch mear te ferliezen, yn Harns koe hy syn plak kwyt reitsje yn it puntenklassemint. Hy stie op 658 en finalist Taeke Triemstra stie op 656. Dus allinne winst soe Taeke helpe. De sierlike foarynse hie it restaurant al besteld, de pizza’s stiene klear mar…neffens it Friesch Dagblad gie it sa: ,,De oranje slingers hingen al om de stoelen, op tafel de puntentaart met de 659 kaarsjes die alleen nog van een vlammetje moesten worden voorzien. En laat het nu uitgerekend Bauke Triemstra zijn die er met de lucifers vandoor ging.’’ En Taeke wie in grut ferliezer, net skelle, net seure, wol wat teloarsteld fansels, mar wol baltsje ferdriuwe mei de dochter nei ôfrin. Sjoch, dat is de moraal fan it pealtsje fan Easterlittens:  ‘it gelok leit oan je fuotten’.
 

FotoHenkBBalkearder9

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers