contact zoeken wedstrijden

Haadklasse- en federaasjekeatsen yn Skearnegoutum fergees tagonklik!

De kommisje 'Bring de Keatsers by 't Keatsen' organisearret sneon 20 augustus foar de sechde kear syn grutte haadklasse- en federaasjepartij yn de Federaasje Snits en omkriten. De keatspartij wurdt hâlden op sportpark De Kromme Tille yn Skearnegoutum en is fergees tagonklik foar publyk. Nei ôfrin is der livemuzyk!

De kommisje 'Bring de Keatsers by 't Keatsen' en KV De Lytse Stuit yn Skearnegoutum meitsje harren op foar de grutte keatspartij op 20 augustus. Fanôf moarns 10.00 oere wurdt der op meardere fuotbalfjilden fûleindich keatst troch federaasjekeatsers (jeugd en senioaren) út Snits en omkriten. Middeis fanôf 14.00 oere komme de haadklassekeatsers (manlju en froulju) yn aksje.

Foar de froulju is dizze partij de foarlêste wedstryd yn oanrin nei de Frouljus PC yn Weidum. Ek benyd hoe't de ferhâldings lizze en hokker partoeren yn Weidum stride sille om de heechste eare en gloarje? Kom op 20 augustus nei Skearnegoutum!  De tagong is fergees en nei ôfrin is der livemuzyk fan coverband De 4 B's. Der wurdt ek in grutte ferlotting organisearre. Doch mei en meitsje kâns op it winnen fan in fyts, ballonflucht, of iPad. De partij wurdt organisearre mei stipe fan alle keatsferienings út Federaasje Snits.

Graach oant sjen op sneon 20 augustus yn Skearnegoutum!

Kommisje 'Bring de Keatsers by 't Keatsen'

uitnodigingkaatsdag Scharnegoutum

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers