contact zoeken wedstrijden

Johannes van Dijk 1960-2016

Tinkend oan de op 29 maart ferstoarne Johannes van Dijk komme net yn it foarste plak de oerwinningen op de PC fan 1985 en 1994 boppe wetter. Yn in tiid fan grutte perken bleau foaral it perk Johannes van Dijk-Reinder Triemstra yn it ûnthâld hingjen. Se ha miskien fjouwer kear mei elkoar yn de frije formaasje keatst en elke kear kamen de mannen mei Lambert Postma as ‘dienstverlenende’ opslagger mei de krânse thús.

Tekst: Rynk Bosma
(Foto: kaatshistorie)
De vreugde bij Johannes van Dijk (Sexbierum) na het behalen van de overwinning op de PC in 1985 te Franeker.

Wat in perk, de fonken fleagen rûn it fjild, it ‘kille’ keatsferstân wie nearne te bekennen en dat wie just dy grutte sjarme. Beiden waarden nei’t se trije ballen fuortslein hiene noch folle gekker, der siet gjin rem op, it wie brantsje stoke neist in krûdkeamer. Mar sa as mei alle moaie dingen, der kaam in ein oan. Triemstra woe de PC winne en gie efteryn by Piet Jetze Faber, mei Sake Saakstra as opslagger. Ek wol moai mar it helle it net by dat oare perk.
 
Johannes bedarre efteryn by Tsjerk de Groot en op de PC fan 1985 ,,Slûpten wy yn it skaad nei de finale. Alle omtinken gie út nei de partoeren Saakstra en Rinia dy’t yn de earste omloop tsjin elkoar moasten’’, sa sei De Groot letter. Dat Johannes it yn dy finale no krekt winne moast fan Triemstra dy’t him eins ferlitten hie wie it twadde ferhaal fan dy PC.
 
It wie de twadde kear west dat Johannes van Dijk oan de kant setten waard troch Triemstra. Yn 1982 wie de bluisterige Van Dijk te licht om Johannes Brandsma ferjitte te litten. Van Dijk woe te graach en rekke sa net in pipernút by dy mannen. Benammen yn de earste jierren wie dat temperamint him de baas. Hy hie it ek net fan in frjemd, sa sei syn âldere broer Bein: ,,As ik der ôf wie dan seach ik om my hinne wêr’t de kantine wie. Johannes stie by ferlies as jonkje te janken as hy der ôf wie. Letter wist hy de kantine ek wol te finen. Johannes hie in soad fan ús heit Roel en dy hie ek altiten it skûm op de bek.’’ Nee dan mem Jantsje, ,,Sy wie de moter fan it gesin  en stúts in protte energzjy yn Johannes en hie ek in sterke bân mei him.’’
 
Dat wylde gie der mei de jierren wol wat ôf, ek al is de útspraak ,,As Johannes yn Penjum keatste dan foelen de griffermearden fan Harns hast fan de stoel, sa gie it der betiden oan wei’’, te moai om net te neamen. De dea fan syn mem yn 1990 sil der wis foar soarge ha dat de wylde hierren oer it Waad wei waarden. Mar der bleau noch genôch oer. De maten fan dy tiid nei it fuotbal, 1988 en 1989, pasten ek wat better by Van Dijk. Rêstige mannen lykas Sietse van der Meer, André Tolsma en Hotze Rusticus en opslaggers lykas Ruurdt Rutten en Coos Veltman wienen mannen dy’t de emoasjes efter de foardoar hâlden. Dat alles hie in goede ynfloed op Van Dijk, fan 1991 ôf stie hy elke kear yn de heale finales fan de PC. Allinnich yn 1994 kaam der in twadde PC-winst by.
 
Wat by oare keatsers ek bart, wie by Van Dijk net oars, hy waard elk jier dat hy âlder waard hieltiten populêrder by it grutte publyk. De minsken seagen in ôftrainde keatser want Van Dijk wie nei eigen sizzen in ‘trainingsbeest’. Mar hy wie nei ôfrin ek net as earste thús, it libben sels foarme te grutte ‘verlokkingen’ om sa mar troch te rinnen. Fansels waard Van Dijk yn syn lêste jierren koarter en begûn it skouder hieltiten mear te krimmenearjen. De keatsers wisten it wol, Auke van der Graaf stie by Van Dijk efteryn yn 1996: ,,Ik fûn dat wy de PC yn 1996 al winne kinnen hiene. Johannes van Dijk stie foaryn en dy hie asperines en in spuit yn it skouder want hy wie stikken. Mar ja dy mannen joegen Van Dijk de ballen oan de hege kant, dy wisten ek wol hoe’t it siet.’’
 
Rinse Bleeker, dochs net de minste keatser, kaam der letter achter hoe populêr Van Dijk by de minsken wie. Hy rûn in slach mei Van Dijk rûn it keatsfjild en steefêst wie ‘hoi Jehannes’…. Ek Bein van Dijk kin der oer meiprate: ,,As wy op de PC middeis nei de sjinees gienen mei ús twaën hienen wy oardeloere wurk om der te kommen.’’
 
It lytse fleantúchje mei it spandoek ‘Johannes wy sille dy misse’ tidens de lêste PC fan Van Dijk sei kwa tekst neat te folle. Hast tweintich jier letter kinne je der oan taheakje ‘en ek nea ferjitte’ want de keatswrâld hat it wol witten dat Johannes van Dijk efkes lâns west is.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers