contact zoeken wedstrijden

De Keatsfreon 2015

Bin jim noch GJIN lid fan de Freonen fan it Keatsmuseum? Dan moat dat no daliks barre. Jim slaan dan daliks in boppeslach want jim krije foar € 15,-- net allinnich gratis tagong ta it nije Keatsmuseum mar ek it geweldich moaie nûmer fan it jierblêd “De Keatsfreon”.

In nûmer dizze kear yn teken fan de histoaryske relaasje tusken it Fryske keatsen en it Belgyske peloaten. Kees Bangma, kenner fan de Earste Wrâldkriich hat him ferdjippe yn it libbensferhaal fan August fan Lierde en hat ferskate nije feiten boppe wetter krigen. Net minder biografysk is it ferhaal fan Eddy de Vries oer syn pake dy’t 100 jier lyn as earste Hârnzer de PC wûn.

Bysûnder is ek it libbensferhaal fan de ‘dochters’ fan keatsballenmakker Jurjen Leicht. Net allinnich oer syn wurk as ballenmakker mar ek oer in Joads famke dat yn de oarloch yn de húshâlding opnommen waard en sa de oarloch oerlibbe.
Fierders noch nijsgjirriche bydragen fan Ytzen Wassenaar – Oer PC-winner (1928) Durk de Jong út Wier, Pieter de Groot oer de Quarrés en harren passy foar it peloaten, Pieter Tolsma, oer in peloate partij yn Arum (1916), Geert Vandervelden oer syn leafde foar Fryslân, keatsen en One-Wall. Theo Kuipers hat in bysûndere bydrage oer in ûntdutsen foto fan Bote Gosses Bruinsma, de earste foarsitter fan de PC. Agatha Hijlkema skriuwde de keatskronyk fan 2014 en Frans Dijkstra it jierferslach fan it Keatsmuseum.

In blêd mei sa’n lytse 70 siden oer keatshistoarje en keatskultuer mei je as keatsleafhawwer dochs net misse. Jim kinne jim opjaan fia kaatsmuseum@upcmail.nl


Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers