contact zoeken wedstrijden

Stân fan saken Keatsmuseum (up date)

Foar oankeap fan it ABN-AMRO bankgebou oan de Voorstraat 76 te Frjentsjer en de ferbou en ynrjochting fan dit pân foar it Keatsmuseum is € 450.000 nedich.

KNKB Media in gesprek met voorzitter Jan Hiemstra

De grûnslach foar realisaasje fan de plannen foar it Keatsmuseum is lein troch de finansjele stipe fan de beide belutsen oerheden: 
€ 150.000 fan de gemeente Franekeradeel en € 100.000 fan de provinsje Fryslân. Wichtige bydragen fan it keatsbûn KNKB, de Keninklike PC, de Freonen fan it Keatsmueum, de keatsferienings en partikuliere keatsleafhawwers hawwe der ta laat dat der no noch in bedrach fan in lytse € 70.000 ûntbrekt.

It bestjoer fan it Keatsmuseum is fansels tige ynnommen mei al dy stipe mar de ûntbrekkende jilden moatte noch wol boppe wetter komme. Alderhanne fûnsen binne of wurde hjirfoar oanskreaun. Boppedat rinne der aksjes ûnder keatsferienings en keatsleafhawwers om fia ‘crowdfunding’ de oankeap fan it ABN-AMRO bankgebou foar it Keatsmuseum lang om let mooglik te meitsjen.

In keatswedstriid is net earder wûn as de lêste slach fallen is. It bestjoer fan it Keatsmuseum rûkt de krâns mar der moatte noch wol in pear rake klappen makke wurde om de lêste lytse € 70.000 binnen te heljen.

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers