contact zoeken wedstrijden

De 55+ hie wer folle bak yn de Trije.

Op 26 febrewaris 2014 wienen 108 keatsers nei Frjentsjer takommen en om 10.00 koe it oangean mei de earste 54 keatsers (18 partoeren) fan de list.

De lêste slach foel om 16.15 oere by de partoeren 107 en 108 by de stân 5-3 (6-6), want de opslach fan Anne Baarda fan partoer 108 wie foar, sadat Lieuwe Meijer fan partoer 107 letter de krâns omhongen krige fan de foarsitter.
Om 16.45 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 2 wiken, op 12 maart, geane de 55-plussers op 'e nij nei de Trije.

A-klasse: 1. Jan Sijtsinga, It Hearrenfean. 2. Ynze Stienstra, Baaium. 3. Jan Veenstra, Apeldoorn. 4. Andries Idzerda, Goutum. 5. Eddy van der Lei, Ljouwert. 6. Jan Buitenga, St. Nyk.
B-klasse: 1. Geert Hoekstra, De Jouwer. 2. Harry Oudendag, Hommerts. 3. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 4. Jelle Velsma, Tsjummearum. 5. Auke Kuiken, St. Jabik. 6. Harke Anema, Wytmarsum (20-12). 7. Jelle Goudberg, Frjentsjer (20-16).
C-klasse: 1. Lieuwe Meijer, Minnertsgea. 2. Albert Dijkstra, Harns.
D-klasse: 1. Gerard Voogd, Harns. 2. Hendrik Weiland, Koarnjum. 3. Jan de Jong, Dronryp.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers