contact zoeken wedstrijden

Bjusterbaarlik moai feest by de 55+ yn de Trije.

Feest by de 55+? Jaseker, as it de lêste keer fan it jier is, dan is it feest en dat koe net better, want nei it keatsen wie d'r Sinees buffet en prachtige musyk fan de Fryske Shadows en ek noch sang fan Fats Domino.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Pieter Bouma, Bert Veldman en Age van der Goot (Teade de Vries wie al nei hûs). 

Krekt lyk as ferline jier wienen d'r op 18 desimber 114 keatsers nei de Trije yn Frjentsjer takommen. It keatsen koe om 10.00 oere oangean en de froulju setten op de tribune neist de kantine om 10.30 oere útein mei blomskikkerij ûnder de kundige lieding fan de susters Jannie Bakker en Wytske Nutma (de frou fan Foppe). Om 12.00 oere wie it resultaat, dat alle 23 froulju mei de Krystdagen in prachtich blomstik op tafel sette kinne. Om 16.35 oere foel de lêste slach by de partoeren 109 en 110. Op de stân 4-5 (6-6) moast Theo Smit fan partoer 110 opslaan mei in keats fan 8 meter en brocht de bal foaryn by Jan Hoekstra, doch dy sloech de bal yn de rjochting fan Henk Bootsma, sadat dy de bal keare koe. Partoer 110 wûn dus en Henk dêrmei trije kear.
De einstân fan de kompetysje 2013 soe dizze dei bepaald wurde. D'r wienen 3 kânshebbers, Bert de Jong op nûmer 1 wûn 1x en kaam op 45 punten wer hy selskip krige fan Oeds Broersma dy 3x wûn. Allebeide hawwe 25x meidien dit jier (dus net 1x mist!), sadat it "doelsaldo" (earsten foar en tsjin) bepale moat wa de earste priis hat en it ereteken en de wikselpriis yn ûntfangst nimme mei. Hillebrand Schuurmans wûn 1x en is tredde wurden mei 44 punten. Plak 4 wie foar Anne Kramer mei 42 punten út 24 wedstryden en op plak 5 kaam Wim Jousma mei 42 punten út 25.

Om 17.05 oere begon Piet Bosgraaf mei de priisútrikking. Earst krigen ûndersteande winners in rollade en dernei mochten de bêste fiif fan it klassemint nei foaren komme foar in rollade. Henk de Vries wie de bêste fan dizze dei en ûntfong de “sulveren bal”.
Nei de priisútrikking gongen de Fryske Shadows los. Us 55+ keatsers Evert Heeg, Johan Bekema en Jan Houwer brochten in bjusterbaarlik moai stik musyk en it wie tige gesellich, foaral doe ek noch keatser/sanger Wiebe van Dijk út Harns d'r by kaam mei syn geweldige stim. D’r waard ek noch dûnse. Om 18.00 oere wie in ûnderbrekking foar it Sinees buffet foar de keatsers en meikommen froulju. Om 20.00 oere wie it klear mei de musyk (sy hienen dy dei ek al keatst) en dernei gongen de measte minsken stadich oan nei hûs. D'r koe werom sjoen wurden op in prachtige dei. Oer 21 dagen, op 8 jannewaris 2014 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse: 1. Age van der Goot, Goeiingea. 2. Oeds Broersma, Wytmarsum. 3. Anne Kramer, Snits. 4. Bouwe van der Veer, Winsum. 5. Jouke de Roos, Luttelgeest. 6. Tjeerd Bouma, Ljouwert.
B-klasse: 1. Bert Veldman, Boalsert. 2. Jan Boorsma, Menaam.
C-klasse: 1. Pieter Bouma, De Jouwer. 2. Anne Monsma, Marsum. 3. Piet Keizer, St. Anne. 4. Sjouke Herrema, Hoorn.
D-klasse: 1. Teade de Vries, Frjentsjer. 2. Henk de Vries, Drylts. 3. Tjeerd de Jong, Wytmarsum. 4. Henk Bootsma, De Knipe.

Prijswin2013de18
Chinees lekker eten

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers