contact zoeken wedstrijden

Heren 2e klasse Vrije formatie vf onbep

18 mei 2014 11:00
Deinum
Categorie Heren 2e klasse
Soort Vrije formatie
Vereniging SF DEINUM
Wedstrijdsecretaris R. Talsma
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Mei 17 partoer op de list wie de organisaasje fan Den Trije Doarpen Deinum tige op it skik. De moaiste partijen fan de dei waarden úteinliks ferkeatst yn de heale finale en finale.

De heale finale tusken partoer 11 (Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus) en partoer 1 (Willem Jan Postma, Bart Gietema en Redmer Strikwerda) gie lykop. Op 3-4 en 6-6 soarge Erik Haitsma mei in boppeslach foar de oansluting. Op 4-4 en 6-6 sloech Siebe Greidanus boppe (de moaiste fan de dei!) en dus wie it 5-4 foar syn partoer. Op 5-4 en alwer 6-6 miste Willem Jan Postma it perk.

De finale tusken partoer 10 (Hendrik Tolsma, Terry van der Eng en Jan Sjoerd Tolsma) en partoer 11 gie ek lykop. Op 4-4 en 6-4 koe Siebe Greidanus de keats net foarby, mar in earst letter op 5-4 en 4-6 die er dat wol en dus soarge hy der foar dat it 5-5 waard. It lêste earst waard in sneue searje missers fan Jan Sjoerd Tolsma oan de opslach.

Utslach

1. Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus
2. Hendrik Tolsma, Terry van der Eng en Jan Sjoerd Tolsma
3. Willem Jan Postma, Bart Gietema en Redmer Strikwerda

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers