contact zoeken wedstrijden

Welpenmeisjes Door elkaar loten del + herk

8 juni 2013 10:00
Burgum
Categorie Welpenmeisjes KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KV BERGUM
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris J. Ritsma-v.d. Leest
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Ferslach fan de KNKB Groot in BHV partij.

Sneon 8 juny 2013 keatsten de welpen famkes fan de KNKB harren troch elkoar lotsjen partij yn Burgum. Yn de earste omloop waard beslist of je yn de winnaarsronde of de ferliezersronde kamen. Dêrom wienen der spannende partijen en inkele triennen by. By de twadde omloop ferdwûn it donkere waar en kamen wy yn de waarmte fan de sinne. Yn de finale wûnen Femke Terpstra, Wommels en Berber Bruinsma, Seisbierrum. Femke hat wol sân ballen boppe slein. De twadde priis wie foar Iris Oosterbaan, Skearnegoutum en Marrit Meijer, Wommels. De tredde wie foar Esther de Vries, Berltsum en Foke Jil Bakker, Jirnsum. Esther en Foke Jil foarmen in slútend partoer en hawwe moai keatsen sjen litten. De earste priis yn de ferliezersronde wie foar Larissa Smink, Makkum en Maud Looge, Peins. Yn de earste omloop wienen Larissa en Maud tsjin de lettere earste priis winnaars Femke en Berber mei viif earsten gelyk en seis gelyk yn de ferliezersronde kommen. De twadde priis yn de ferliezersronde wie foar Nynke Pauw, Easterein en Karin Polstra Menaam. Nynke en Karin wienen yn de earste omloop troch de lettere twadde priis winnaars Iris en Marrit ek mei fiif earsten gelyk en seis gelyk yn de ferliezersronde kommen. Nynke hat troch in goede opslach de lêste partij (fiif tsjin fjouwer earsten) hast yn it lykwicht brocht. Nei fjouwer omlopen en fjouwer oeren keatsen ferlieten de KNKB welpen famkes it dizze kear sinnige Burgum.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers