contact zoeken wedstrijden

Okkema partij Alle categorieën Door elkaar loten dames del B

14 juli 2012 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën
Soort Door elkaar loten
Vereniging EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter
Wedstrijdsecretaris M. Dijkstra-van der Meulen

Wedstrijdverslag

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De findelman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.

Yn ’e B-klasse wiene der 12 froulju troch inoar lotte. Ek sy ferkeatsten in poule. It sterkste partoer wie dat fan Mattie Dijkstra, Tettje de Boer en Geeske Couperus. Se ha der flink foar keatse moatten mar mei de measte foarearsten wûnen se. It partoer fan Sieta Tessemaker, Sanne Rixt Jorritsma en Jeltje Hallema hie 14 foarearsten mar ek 14 tsjinearsten. It partoer fan Petra Jellema, Dieuwke Kooistra en Martine Kooistra hie 14 foarearsten en 13 tsjinearsten. En it partoer fan Arjanne Schaafsma, Marjan Flapper en Iris Bergsma hie 14 foarearsten en 12 tsjinearsten. Se waarden dermei twadde.


En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

Froulju B t.i.l.
1e priis: Mattie Dijkstra, Tettje de Boer, Geeske Couperus
2e priis: Arjanne Schaafsma, Marjan Flapper, Iris Bergsma

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsor

Businesspartner

Suppliers