contact zoeken wedstrijden

Okkema partij Alle categorieën Vrije formatie heren v.f. A

14 juli 2012 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

De 34e Okkema partij is ferkeatst. De partij wie foar it earst iepenstelt foar alle federaasjes yn Fryslân. Dit smiet in list op fan 33 partoer yn fiif klassen. Manlju A, B, C en froulju A&B. Werby’t de froulju B troch inoar lotsjen wie en de oare klassen frije formaasje.

Under werklik prachtige waarsomstannichheden waard begûn om 12 oere. In hearlik sintsje derby en in bytsje wyn makke dat alles der moai by lei. De findelman hie it moarns noch al drok hân. Tsjin alle ferwachtings yn wie de wyn nammentlik 180 graden omgien en dat makke dat it hiele fjild om moast. Mar sa as sein, it lei der om 12 oere prachtich by.


By de manlju A waard in list mei 7 partoer ferkeatst. It partoer fan Sybrand v/d Wey, Freerk Terwisscha van Scheltinga en Marten Faber naam it op tsjin Danny Roos, Stephan v/d Weg en Frits Hoekstra. Mei alles oan ’e hang wiene it ‘Sybrand en dy’ dy’t de winst pakten. Sy kamen op de 2e list Feite de Haan, Tjipke Klaas Okkema en Gerrit Flisijn tsjin. Dizze mannen wiene in maatsje te grut en wûnen de partij mei 5-3 6-4.

Feite, Tjipke Klaas en Gerrit stiene dermei yn ’e finale tsjinoer de knap keatsende Jelle Scharringa mei syn maten Fokke Jan Kooistra en Meindert Attema. Dizze mannen koene it net risse en wiene út keatst. In soad foutsjes makken dat Feite, Tjipke Klaas en Gerrit mei skjinne fiif earsten en 6-4 de winst pakten yn de A-klasse.

En dermei is de 34e Okkema-partij in feit. In prachtige keatsdei mei in gemoedlike sfear rûn it fjild mar ek derop. In sfear dy’t sa typearjend is foar it keatsen yn Easterein. We hoopje dan ek dat der noch minstens 34 Okkema-partijen folgje!

Manlju A frije formaasje
1e priis: Feite de Haan, Tjipke Klaas Okkema, Gerrit Flisijn
2e priis: Fokke Jan Kooistra, Meindert Attema, Jelle Scharringa

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers