contact zoeken wedstrijden

Alle categorieën Door elkaar loten Jun 17-21

22 mei 2011 11:00
Wommels
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF WOMMELS
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Der hiene mar acht junioaren harren opjûn foar dizze federatieve sneins partij.
Toch mienden wy dat dizze keatsery trochgean moast om meardere redenen.
Dizze wedstriid hat hiel lang net op de aginda stien en moat dus wer in kâns ha foar de takomst.
Ek wiene de keatsers tige entûsjast en harren woene we net teloarstelle.
Fenna Bijlsma út Weidum en sân dielnimmers út Wommels e.o gongen om 13 oere los.
Fjouwer twatallen yn in “poule”.
Troch in stive wyn dy’t dwers op it fjild stie waard der in protte bûtenslein. Yn it begjin fan de middei in lyts snitterke mar dernei brúts de loft en liet de sinne him regelmjittich sjen.
It ienigste minpuntsje wie dat Klaas Bouke Faber tidens syn opslach op in keatsbal stean gong en derbij syn inkel blessearde.
De kransen wiene foar Menno Eringa en Broer Jacob Greidanus.
De twadde priis gong nei Jehannes Hazenberg en Fenna Bijlsma

It oare jier geane we út fan in dûbele opjefte!

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers