contact zoeken wedstrijden

Okkema party Alle categorieën Vrije formatie Dames B

16 juli 2011 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

33ste Okkemapartij mei 29 partoeren

Op 16 july wie de Okkema Partij, de 33ste kear yn suksessie, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 29 partoer ferdielt oer 5 klassen (A-B-C klasse manlju, en A-B klasse froulju). Mei útsúndering fan de B-klasse manlju waard der yn poultsjes keatst en koe goed 12.15 oere hast eltsenien los. It grutste part fan de middel lekker keatswaar mar spitich genôch waarden de finales fan de A- en B-klasse manlju yn de rein ferkeatst.

Yn de B-klas waard yn twatallen keatst, in moaie opset en eltse dame kin dan fol oan de bak. Ek hjir troffen de twa sterkste partoeren mekoar al yn de earste partij. It wiene Marjan Flapper en Tettje de Boer dy’t oantrede moasten tsjin Mattie Dijkstra en Monique Vellinga. Marjan en Tettje moasten fol oan de bak mar wisten úteinliks de partij winnend ôf te slúten. Beide partoeren makken dernei gjin fouten sadat de krânsen wiene foar Marjan en Tettje en moasten Mattie en Monique genoegen nimme mei de 2e priis.

1. Marjan Flapper en Tettje de Boer
2. Mattie Dijkstra en Monique Vellinga

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema en harren assistinsje by de priisútrikking. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto. Foar: leste twa rjochts: Tettje de Boer, Marjan Flapper

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers