contact zoeken wedstrijden

Okkema party Alle categorieën Vrije formatie Heren C

16 juli 2011 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

33ste Okkemapartij mei 29 partoeren

Op 16 july wie de Okkema Partij, de 33ste kear yn suksessie, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 29 partoer ferdielt oer 5 klassen (A-B-C klasse manlju, en A-B klasse froulju). Mei útsúndering fan de B-klasse manlju waard der yn poultsjes keatst en koe goed 12.15 oere hast eltsenien los. It grutste part fan de middel lekker keatswaar mar spitich genôch waarden de finales fan de A- en B-klasse manlju yn de rein ferkeatst.

Yn de manlju C-klasse dit jier 4 partoer en yn de earste partij al drekt in, wat letter dúdlik wurde soe, besliisende partij tusken it partoer fan Willem Tjalsma, Roel Sijbesma en Tom Veldman tsjin de bruorren Tjipke, Hendrik en Tjerk Okkema. Dizze partij waard op 5-4 6-4 beslikke yn it foardiel fan it partoer fan Willem c.s. Beide partoeren wisten dernei harren oare poulewedstriden ek te winnen sadat de krâns dit jier net nei de Okkema’s gie mar nei dat fan Willem c.s.

1. Willem Tjalsma, Roel Sijbesma en Tom Veldman
2. Tjipke, Hendrik en Tjerk Okkema

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema en harren assistinsje by de priisútrikking. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto. Foar: 2e fan lofts Tom Veldman, Roel Sijbesma, Net op de foto: Willem Tjalsma

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers