contact zoeken wedstrijden

Okkema party Alle categorieën Vrije formatie Heren B

16 juli 2011 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

33ste Okkemapartij mei 29 partoeren

Op 16 july wie de Okkema Partij, de 33ste kear yn suksessie, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 29 partoer ferdielt oer 5 klassen (A-B-C klasse manlju, en A-B klasse froulju). Mei útsúndering fan de B-klasse manlju waard der yn poultsjes keatst en koe goed 12.15 oere hast eltsenien los. It grutste part fan de middel lekker keatswaar mar spitich genôch waarden de finales fan de A- en B-klasse manlju yn de rein ferkeatst.

Yn de manlju B-klasse waard in gewoane list keatst. Yn de ferliezersronde gie de finale tusken it partoer fan Klaas Pompstra, Hans Kooistra en Simon Kingma tsjin dat fan Yme Hiemstra, Jaap Jelle v/d Goot en Ludy Limburg. Lêstneamden lutsen úteinliks oan it langste ein want op 5-4 6-2 behellen sy de winst.

Yn de winnersronde gie de finale tusken it oerdeeglike en sterke partoer fan Marco Hoekstra, Anne Bakker en Douwe Durk Reitsma tsjin de brourren Lieuwe Jan en Bokke v/d Brug. Dit partoer wûn yn de heale finale fan Hotze Jellema, Pieter Groenveld en Klaas Kamstra. Marco c.s. hiene op de trije in steand númer. Miskien dat dit wol efen holp want yn de finale stiene sy fris te keatsen dy’t wûn waard mei 5-2 6-0.

1. Marco Hoekstra, Anne Bakker en Douwe Durk Reitsma
2. Lieuwe Jan en Bokke v/d Brug
3. Hotze Jellema, Pieter Groenveld en Klaas Kamstra

1. Yme Hiemstra, Jaap Jelle v/d Goot en Ludy Limburg
2. Klaas Pompstra, Hans Kooistra en Simon Kingma

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema en harren assistinsje by de priisútrikking. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto. Efter: 1e lofts Douwe Durk Reitsma, lêste rjochts Anne Bakker. Foar: 1e lofts Marco Hoekstra.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers