contact zoeken wedstrijden

Autofarm partij Alle categorieën Vrije formatie Dames A

11 juni 2011 12:00
Goenga
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Autofarm Sybrandaburen-Auto Jourepartij: wa't der wie hat wille hân!

It bestjoer fan keatsferiening De Lege Geaen moast yn gearwurking met de TC fan de federaasje beslute de A- en C-klasse net trochgean te litten: te min opjefte. In teken fan de tiid?

Besluten waard ek om de beide oare klassen - beide mei 4 partoeren - wól trochgean te litten, it minimum is noch altyd 4 partoeren. En sa waard it pûlkeatsen yn ien grut fjild mei froulju en manlju B-keatsers.

Manlju B-klasse
De 1e priis by de manlju wie nei in spannende striid, dy't pas yn de lêste partijen beslikke waard, mei 1 punt foarsprong (19 punten) wûn troch:
Oane Galema (It Heidenskip), Henk Jan Eekma (Snits) en Sybren Poelsma (Turns).
In moai 2e plak wie foar:
Hotze Jellema (Easterein), Pieter Groenveld (Wommels) en Bertus Bootsma (Wommels).

Froulju
By de froulju sprong ien partoer der út:
Cilia Witteveen (Lytsewierrum), Romine Jelsma (Easterein) en Froukje Dijkstra (Easterein) (21 punten). Op grutte distânsje mei 15 punten waarden 2e:
Nynke Posthumus (Skearnegoutum), Petra Schaap-de Boer (Turns) en Brechtsje Posthumus (Skearnegoutum)

Troch it bytiden minne waar leinen de partijen út en troch stil en sadwaande wie it let yn 'e middei dat de prizen útrikt wurde koenen troch wedstriidlieder Gerrit van der Leeuw.

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers