contact zoeken wedstrijden

Okkema Party Alle categorieën Vrije formatie Heren A

16 juli 2011 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

33ste Okkemapartij mei 29 partoeren

Op 16 july wie de Okkema Partij, de 33ste kear yn suksessie, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 29 partoer ferdielt oer 5 klassen (A-B-C klasse manlju, en A-B klasse froulju). Mei útsúndering fan de B-klasse manlju waard der yn poultsjes keatst en koe goed 12.15 oere hast eltsenien los. It grutste part fan de middel lekker keatswaar mar spitich genôch waarden de finales fan de A- en B-klasse manlju yn de rein ferkeatst.

Yn de A-klasse manlju gie de finale tusken Feite de Haan, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra tsjin Gerrit Terpstra, Jappie Wijnia en Wichard Deinum. Beide partoeren hiene beide partijen yn harren poule wún en moast útmeitsje wa de 33e edysje op harren namme skriuwe koene. It waard net de finale dy’t ferwachte waard want op 5-0 6-2 foel de lêste slach yn it foardiel fan Feite c.s. en wûnen sy lykas foarich jier de krâns.

1. Feite de Haan, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra
2. Gerrit Terpstra, Jappie Wijnia en Wichard Deinum

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema en harren assistinsje by de priisútrikking. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto. Efter: twadde fan lofst Gert Jan Heimstra, Robert Sijbesma, tredde fan rjochts Feite de Haan

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers