contact zoeken wedstrijden

Meisjes Uitnodiging

28 augustus 2011 10:00
Weidum
Categorie Meisjes KNKB
Soort Uitnodiging
Vereniging KV NIJE KRIICH
Scheidsrechter Grond, M.O.W.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

In dikke reinbui by de start fan'e partij, makke it dochs al wiete, en op guon plakken troch de frouljus PC tige minne fjild, der net better op. It iennichste plak op ús fjild wer't noch keats wurde koe wie it plak wêr it fjild ek lei mei de FPC.
Nei de bui like it better te wurden en is wol úteinsetten, mei oan it ein fan'e earste omloop wer it noadige wetter. Dêrnei waard it waar folle better, mar op it fjild wienen hiele minne plakken. Troch wat ferlizzen fan perken en fjild ha we dat sa goed moochlik omsile kind sadat de partij dochs ôfmakke wurde koe.

Der is keatst yn twa poules fan fjouwer partoer, winners fan beide poules moasten tsjin elkoar en ek de nûmers twa ha keatst om'e tredde priis.

1e Priis, pertoer 4, mei Hermine Sytema út Deinum, Ilse Lijzenga Sint Anne en Geke de Boer Wergea.
2e priis, pertoer 6, mei Tineke Dijkstra Easterein, Jeltsje Koopal Ingelum, Annelien Broersma Easterein.
3e priis, pertoer 2, Elly Hofman Dronryp, Klasine Huistra Reduzum en Martine Tiemersma Easterein.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers