contact zoeken wedstrijden

Meisjes Door elkaar loten verlafd/del

15 mei 2011 12:00
Easterein
Categorie Meisjes KNKB
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

1e Annelien Broersma
Gerry Edou Mollema
Elma Breeuwsma
2e Karin Drijfhout
Jildou Sweering
Melissa Rianne Hiemstra
3e Nieke Wateler
Davita Romers
Elly Hofman

Hulde oan ús frijwilligers. We hawwe it oant de finale dan wol droech hâlden, mar it wie kâld. Ek ûndanks de fuotbalperikelen wienen der genôch minsken en sa hâlde je in flot ferrin fan de partijen.

De famkes hawwe harren fan de goeie kant sjen litten. Der waard goed keatst en fuort net opjoen by efterstân. Ek foar it publyk (hokker genôch oanwêzich wie) is dizze kategory in aardichhied om nei te sjen, want triktrakjes yn it tuskenspul ûntbrekke der net oan.

Annelien Broersma c.s. kamen as sterkste út de striid. Sy wûnen de 1e omloop mei 5-5 2-6, de 2e omloop mei 5-4 6-4 en de heale finale mei 1-5 6-6. Yn de finale namen se it op tsjin Karin Drijfhout c.s. die’t de 1e omloop mei 1-5 0-6 wûnen. De 2e omloop waard 5-3 6-6 en yn de heale finale bleonen se stean. Helaas die dit lêste gjin fertúten, want it ritme wie der wat út. Annelien Broersma c.s. keatsten sterk en sa wûnen sy mei 3-5 2-6.

Alle famkes lokwinske mei harren priis, sulveren kettinkjes oanbean troch B. Sandstra Handel, Transport en Opslag.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers