contact zoeken wedstrijden

Alle categorieën Vrije formatie vf heren ABC

17 juli 2010 12:00
Easterein
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

32ste Okkemapartij mei 30 partoeren

Op 17 july wie de Okkema Partij, de 32ste kear, op sportpark de Skoalleseize yn Easterein. Der wiene 30 partoer ferdielt oer in A-B-C klasse en in froulju’s klasse. Om 12.00 oere koene hja los en nei in pear spetterkes rein yn it begjin, wie it fierders prachtich keatswaar.

Yn de A-klasse wie yn de winnersronde de finale tusken Feite de Haan, Robert Sijbesma en Gert Jan Hiemstra tsjin Peter Jansen, Johan Jilderda en Kees Merkus. Feite c.s. winne it mei 5-0 6-6 en hawwe dizze middei mar trije tsjin earsten. Yn de ferliezersronde is it spannender en der keatse de partoeren faaks 5-5.De earste priis giet nei Hendrik de Jong, Hendrik Kuiper en Syb Overal. Hja winne de finale mei 5-4 6-2 fan de bruorren Koopmans (Wiebren, Lieuwe en Sikke).

Tige tank oan stiper Leanbedriuw Okkema. Dit kear wer prachtige glêzen standaards foar eltse priiswinner.

By de foto:
Efter: Eddy de Boer, Robert Sijbesma, Gert Jan Hiemstra, Hester vd Meer, Marije vd Meer, Tjipke Okkema, Tjerk Okkema
Foar: Anne Bakker, Hendrik Okkema, Feite de Haan

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers