contact zoeken wedstrijden

Welpen Door elkaar loten del

17 juli 2010 13:00
Itens
Categorie (V10)
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF ITENS e.o.
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

It wiene spannende partijen bij de federaasjepartij foar pupillen en welpen yn Itens. Mei namme bij de welpen wie der in tal kearen 'alles oan de hang'.
Der stiene 14 partoer op de list. Mei 4 perken wie it in lange keatsmiddei. Mar in prachtige keatsmiddei, der waard sportyf keatst en in publyk krige spannende partijen te sjen.
Bij de winnersronde wiene de kransen foar Sandro van der Stelt en Sybiel Brecht van der Goot. In ferassend winnend partoer, beide ha noch net safolle keatswedstryderfaring. Sandro wist mei it tal boppeslagen goed te scoren en Sybiel wist mei har opslag moai wat punten binnen te heljen.
De twadde priis wie foar in famkespartoer: Jeska Terpstra en Esmee Bijlsma. De twa tredde prizen wiene foar Germ Jan Dotinga, Remco Zeilstra en Bouwe Overwijk en foar Jan Sijtsma en Marcel de Groot.

De ferlieserronde waard wûn troch Arnout Meijer en Kristia Dotinga. It twadde plak wie foar Wessel Schraa en Sytse Bram de Witte.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers