contact zoeken wedstrijden

Alle categorieën Vrije formatie vf heren A

31 juli 2010 12:00
Itens
Categorie Alle categorieën (V)
Soort Vrije formatie
Vereniging KF ITENS e.o.
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Lytse Fjouwere Partij heren A.

Sneontemiddei31 july, giene de heren frije formaasje A los yn 'De Lytse Fjouwere Partij' yn Itens. It waar waard der net better op, it hat hast de hiele middei reint. Moai foar de boeren, mar foar de keatsers minder fansels. Mar de mannen ha mei nocht keatst. It wiene tige spannende partijen. De finale yn de winnersronde wie in echte thriller: nei in efterstân fan 4 easten wist it partoer fan Danny Roos (dy't foar de geblesseerde Pieter Hofstee ynfoel), Sjoerd Kooistra en Ronald van der Veer op 5-5, 6-6 toch te winnen fan Sibe Wijbrandi, Arjen Radix en Karst Tamminga.
Ek hâlden de partoeren yn de finale fan de ferliesersronde de spanning der yn: Folkert van der Werf, Jildert van der Werf en Freerk Terwisscha van Scheltinga wisten krekt net it lêste east nei hun ta te heljen.
Bij in stân fan 5-5, 6-0 makke it partoer fan Dennis Dijkstra, Jan Stenekes en Henk van Dalfsen in ein oan dizze partij mei in boppeslach fan achterynse Henk van Dalfsen.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers