contact zoeken wedstrijden

Senioren Door elkaar loten del

24 juli 2010 10:00
Goenga
Categorie Heren 2e klasse
Soort Door elkaar loten
Vereniging KF DE LEGE GEAEN
Wedstrijdsecretaris
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

1. Jorren Westra (Beetgumermolen), Gert-Jan Faber (Oude Bildtzijl) en Jelte Visser (Sexbierum)
2. Sjoerd Kooistra (Loënga), Steven de Bruin (Tzummarum) en Peter Jansen (Boazum)
3. Jan Geert Dijkstra (Pingjum), Johan Kwast (Harlingen) en Robert de Bruin (Tzummarum)

Dizze senioarewedstriid waard yn Goaiïngea ferkeatst tagelyk mei in federaasjepartij troch-elkoar-lotsjen. De Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij wie sadwaande in primeur yn it Fryske keatslân en wiswier foar werhelling fetber. Pleatslik favoryt Sjoerd Kooistra helle mei syn maten Steven de Bruin en Peter Jansen yn de finale fan de KNKB-wedstriid spitichgenôch net it nivo fan de earste omlopen. Ôfknappers, bûten, mar foaral de gedrevenheid fan it partoer Westra brochten Kooistra c.s. ta wanhoop. Jorren Westra hie it goed troffen mei syn bylotte maten Gert-Jan Faber en Jelte Visser en sy waarden mei 5-1 en seis-gelyk de terjochte winners.

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers