contact zoeken wedstrijden

Schoolmeisjes Vrije formatie verliezersronde

22 augustus 2009 10:00
Easterein
Categorie Schoolmeisjes KNKB
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Clubscheidsrechter,
Joustra, W.A.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Op in troch de sinne oerjitten Sportpark De Skoalleseize waard hjoed de skoalfamkes frije formaasje wedstriid ferkeatst. Dit ûnder de lieding fan skiedsrjochter Wybren Joustra út Waaksens. De partij waard stipe troch Bauke en Lies Sandstra fan Sandstra Transport út Easterein.

Yn de earste omloop waard it tsjef fan it noat skieden, wat de winners en ferliezersrûnte goed die. By de winners wienen der yn de heale finale twa ferrassingen. Sa meitsje Esther Wagenaar, Marte Altenburg en Annelien Broersma koarte metten, 5-0:6-6, mei it sterke partoer fan Yfke Velstra, Nicole Hempenius en Melissa Rianne Hiemstra.
Yn de oare heale finale binne Lisa Hofstra, Anouke Tolsma en Elly Hofman de baas oer in oar sterk partoer, te witten Lilijan Kingma, Jeske de Boer en Pytrik Visser, mei 5-4:6-6.

De finale is net sa spannen. Sa winne de 2e jiers skoalfamkes Wagenaar c.s. de finale en dermei de krânsen mei 5-1:6-2 fan Hofstra c.s.

Yn de ferliezersrûnte wie de finale ek iensidich. It partoer fan Lieze Braaksma, Anna Brecht Bruinsma en Esther Bootsma hie de hiele dei al dreech keatst (5-3:6-4, 5-5:0-6, 5-5:4-6), Dat bruts wat op, want de winners waarden Nieke Wateler, Jildou van Dijk en Jildou Sweering mei 1-5:4-6.

Foar de priiswinners wienen der prachtich sulveren kettinkjes mei keatsfiguerkes, oanbean troch Sandstra Transport, Easterein. Yn de ferliezersrûnte wienen der slúven mei ynhâld.

In tige slagge keatsdie yn Easterein mei de 7e KNKB partij fan 2009.

Utslach
1e Esther Wagenaar, St Anne, Marte Altenburg, Grou, Annelien Broersma, Easterlittens
2e Lisa Hofstra, Wjelsryp, Anouke Tolsma. Dronryp, Elly Hofman, Dronryp
3e Yfke Velstra, Easterlittens, Nicole Hempenius, Frjentsjer, Melissa Rianne Hiemstra, Stiens
3e Lilijan Kingma, St Anne, Jeske de Boer, Akkrum, Pytrik Visser, Seisbierrum

Ferliezersrûnte
1e Nieke Wateler, Minnertsgea Jildou van Dijk, Minnertsgea, Jildou Sweering , Folsgeare
2e Lieze Braaksma, Menaam, Anna Brecht Bruinsma, Wommels, Esther Bootsma, Ysbrechtum

By de foto's:
De winnende partoeren krije in earerûntsje oer it keatsfjild.
De priiswinners mei lofts skiedsrjochter Wybren Joustra en rjochts stiper Lies Sandstra fan Sandstra Transport

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers