contact zoeken wedstrijden

Jongens Vrije formatie verliezersronde

9 augustus 2009 11:00
Easterein
Categorie Jongens KNKB
Soort Vrije formatie
Vereniging KF EASTEREIN
Scheidsrechter Sieperda, J.
Wedstrijdsecretaris W. Sjaarda
Locatie Kaart

Wedstrijdverslag

Yn Easterein hjoed de jonges 14-16 te gast foar de frije formaasjewedstriid. Yn de heale finale kamen der partoeren fan Albert vd Weide, Jorren Westra en Jan Dominicus vd Wal (nei in steand nûmer) tsjinoer Haye Jan Nicolay, Rick de Graaf en Krijn Hiemstra. De lêsten wûnen dit mei mar leafst 1-5:6-6. De oare heale finale gie tusken it partoer mei Pieter Sijberen Scharringa, Sjoerd de Jong en Paulus Yde Walda tsjin Gosse Beeksma, Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra. Dit wurdt 5-2:6-4 foar Pieter endy.

Yn de finale nimme Pieter Sijberen en die in 0-2 foarsprong nei in bûtenslach fan Haye Jan. It wurdt sels twa spul as op 6-6 Rick de balle fan de boppe werom slacht, mar de bal falt kwea. As Pieter endy de keats net foarby slaan kinne op 6-4, krije Haye Jan endy it earste buordsje. Ek pakke se in spul as op 6-2 it perk De Jong-Walda de keats wer net foarby slacht.
Mar troch trije bûtenslaggen en it net pakken fan de keats ferlieze Haye Jan endy it folgende earst. Op 6-6 wurdt de partij útmakke troch it partoer fan Pieter Sijberen endy. Nei de Freulewinst woansdei no wer in krâns foar Pieter Sijberen. Syn Freulemaat Jelle Scharringa ferlear yn de earst omloop mei Sicco Scheltema en Kevin Jaarsma mei 5-5:6-4.

De finale by de ferliezers is iensidige partij. Johannes vd Veen, Jan Sipke Tuinman en Hendrik Bouwhuis winne mei 5-1:6-0, nei in foarsprong fan 3 earsten, fan Peter van Zuiden, Dennis Dijkstra en Tjisse Steenstra

Utslach
1e Pieter Sijberen Scharringa, Wjelsryp, Sjoerd de Jong, St Anne, Paulus Yde Walda, Wjeslryp
2e Haye Jan Nicolay, Britsum, Rick de Graaf, Tsjummearum, Krijn Hiemstra, St Anne
3e Gosse Beeksma, Koarnjum, Bauke Triemstra, St Jacob, Hendrik Kootstra, Minnertsgea
3e Albert vd Weide, Dronryp, Jorren Westra, Bitgumermole, Jan Dominicus vd Wal, Dronryp

Ferliezersrûnte
1e Johannes vd Veen, Pietersbierrum, Jan Sipke Tuinman, Dronryp, Hendrik Bouwhuis, Boalsert
2e Peter van Zuiden, Tjerkwert, Dennis Dijkstra, Wouterswâlde, Tjisse Steenstra, Bitgumermole

Letter mear foto's...

Foto's

Deze wedstrijd

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers